'Myn column oer it belang fan literatuerpromoasje. Resultaat: fan sneon ôf mei ik elke tredde sneon fan 'e moanne by Omrop Fryslân oer Fryske boeken prate. Ik mei it sels ynfulle. Moarns ergens tusken 09:30 en 10:00. Dêrmei wurdt it oanpart literatuer op de radio ferdûbele, want Ernst Bruinsma praat gewoan elke earste sneon fan de moanne oer skriuwers.'
Al jierrenlang besiket Skriuwend Fryslân Omrop Fuotbal safier te krijen en besteegje ris wat mear omtinken oan de Fryske literatuer. Al jierrenlang smyt dat besykjen nul komma niks op, mei troch it kabaal dat de sportredaksje dêr makket. En dan is der ynienen in nije columnist yn de Ljouwerter mei in fûle en net mis te fersteane opmerking oer de hiele gong fan saken, en ynienen is alles oars. Dy nije columnist is Martsje de Jong (fan har is boppesteand sitaat), dy’t de harkers fan de Omrop elke tredde sneon byprate sil oer nije boeken yn al har ferskiningsfoarmen, en dat mei de klam op proaza.
It waard tiid dat soks stal krijt, en dan ek noch fan ien sûnder dat der in ynstitút achter sit. In opmerking fan my (sjoch foarige column) yn dy rjochting brocht in lêzer derta om wat nitelich te freegjen oft ik wat tsjin ha op ‘De Bûterhoeke’, oftewol Tresoar en de Afûk mei alle denominaasjes. Om elk misferstân de nekke om te draaien: nee. Ik tink dat beide ynstituten wichtich wurk dogge, Tresoar argivearend, stypjend by prizen en fansels mei de webside Sirkwy (dêr’t sa stadichoan ek wer in team omhinne ûntstiet), en de Afûk op it mêd fan promoasje en ferkeap middels de winkel.
Dat ik dochs yn ’e pleit gie foar keunstbelied by de Omrop bûten beide ynstituten om, hat te krijen mei de aard fan it bistje. Omrop F. is ommers in mei publyk (sawol lanlik as provinsjaal) jild oereinholden omroporganisaasje. Unôfhinklikens heart dan it liedend prinsipe te wêzen. En krekt dêr giet it wolris mis. Fansels, de provinsje is in lytse wrâld dêr’t je elkoar allegeduerigen tsjinkomme. Mar krekt dan meist ferwachtsje dat sa’n organisaasje de sjoernalistike broek ophâldt en sekuer sjocht nei wat ál, en foaral nei wat nét kin.
Fandêr dat ik al earder krityk hie op it gegeven dat in útjouwer tastien wurdt (myn webside is fernijd, mar myn âldere columns ha ’k hjirhinne kopieard) om boeken te besprekken. Soks meist ferwachtsje fan RTL, mar nét fan in publike omrop omdat soks op it punt fan ûnôfhinklikens net yn ’e heak is. Hoe dan ek, ankom’ sneon set Martsje útein mei har eigen praatsje oer Frysk proaza. Tusken healwei tsienen en tsien oere. Te betiid? Set de wekker!
(Update fan Martsje de Jong op Facebook: Ernst Bruinsma sil tenei allinnich Nederlânstalich wurk besprekke. Dêrmei is dat probleem oplost. Bliuwt oerein dat Omrop Fryslân noch altyd mear tiid besteegje kinne soe oan Fryske literatuer)