Smile!

Smile!

Portret
29 december 2023

Dat fotografy tusken alle oare keunstfoarmen in frjemde ein yn ’e byt is, wie my al opfallen doe’t ik as winner fan de Gysbert Japixpriis net keas foar in tradisjoneel skildere portret mar foar in foto.

Ik tocht deroan werom doe’t ik okkerdeis in artikel oer it spanningsfjild tusken foto en ferve lies fan Wieteke van Zeil (Volkskrant, 28-12-2023). Oanlieding wie in lêzersreaksje op de foto dy’t makke wie fan Dilan Yesilgöz doe’t se, ynsletten troch in keppel fotografen, in parsekonferinsje joech oer de nederlaach fan de VVD. ‘Wat in tafal, krekt in skilderij út ’e Renaissance!’ fûn de lêzer yn kwestje. Dy opmerking, hoe begryplik ek, fûn Wieteke van Zeil bepaald gjin komplimint foar David van Dam, de makker fan dy foto. Krekt as soe in fakfotograaf mar wat raak knippe en per ûngelok in tafriel sadanich fêstlizze dat it wol in skilderij liket.

Mei sa’n reaksje wurdt neffens Van Zeil yn feite foarbygien oan ‘het geoefende oog van een fotograaf, het jarenlange opbouwen van expertise met de camera, gecombineerd met een ontwikkeld gevoel voor het juiste moment, die ene seconde van handelen die juist het resultaat is van lange inspanning’.

It artikel fierde my werom nei de foto dy’t Tryntsje Nauta yn 2015 fan my makke neidat ik de Gysbert Japixpriis takend krigen hie. Earst kaam se by my thús om mei my yn ’e kunde te kommen en it iis, foarsafier’t dat der wie, te brekken. Ik mocht sels in lokaasje kieze en kaam út by it Sluisfabryk, hjir yn Drachten. Ik koe it kompleks troch Jan Ketelaar, dy’t dêr doe wurke oan syn twa reuzebylden. No binne je as skriuwer wol wend om op de foto te kommen, yn ’e regel troch parse-fotografen, fan dy jonges en famkes dy’t altyd op trochreis binne en dy der om dy reden samar op fege. Mei in knap kykje as resultaat. Unbegryplik hoe’t se dat bytiden flikke, in keunst op himsels.

Mei in portretfotograaf giet it oars: dy nimt de tiid. Mei Tryntsje Nauta as absolute kampioen: twa deidielen fan posearen wiene der nedich om ta de ultime foto te kommen. Wy hawwe sawat it hiele Sluis-kompleks troch west. Achtergrûn, it ljocht, analooch (mei roltsje!), digitaal, alles kaam foarby. Ek de klean wiene fan belang: jaske oan, jaske út, mouwen opstrûpe, of krekt net, in foto fan tichtby, of wat mear op ôfstân: de tiid fleach laitsjend om.

Uteinlik waard der in foto keazen, de ûntbleating wie in feestje op himsels, mei yndied as meast hearde reaksje: ‘Krekt in skilderij!’ Guon fielden sels even om te kontrolearen oft it echt gjin ferve wie. Fansels waard dêr neat negatyfs mei bedoeld, yn alle gefallen, sa kaam it net op my oer! Dat wie oars by in opmerking fan ien dy’t tsjintwurdich as literêr pommerant troch it libben giet: ‘Is it fanwege in besuniging by Tresoar datst in foto krigen hast?’ Tsjin safolle earmoed koe ’k net op, ik wit net oft myn ferbjustering te fernimmen wie.

Even tocht ik werom oan it meitsjen fan dy foto en die wat ik hiel goed kin:

Smile!