Aai

aai

aai
17 november 2023

Wat in hearlike column: ‘Baarn deryn’ dêr’t Martsje de Jong ús op traktearde, wát in befleinens foar ús Fryske literatuer. Ik krige it der waarm fan, en dat net allinnich, de oprop oan Fryske skriuwers om der ris fiks yn te kletsen liet my net los. Wat soe it moai wêze as my soks ris barre soe, in roman of bondel dêr’t elk it oer hat, dêr’t de nekhierren by guon sa fan oereinkomme dat ik ‘aaien tsjin ’e ruten’ krij, in stik skriuwen dat ús eigen literatuer op ’e kaart set.

Om sa’n boek skriuwe te kinnen, ha ’k earst mar ris nei oare literatueren sjoen, gewoan om te ferkennen hoe’t soks moat. Algau kaam ik út by Pim Lammers. Begjin dit jier waard er ôfmakke troch de meute op sosjale media dêr’t er delset waard as bernelokker, dit fanwege in ferhaal oer immen mei pedofile gefoelens. Mei deadsbedrigings en al waard er ûngeskikt ferklearre om in gedicht foar de berneboekewike te skriuwen, as reaksje luts Lammers him hastich werom. Mar tagelyk: wát in geloksfûgel, dy Pim, want ynienen stie er dochs mar moai yn it fûle ljocht: syn wurk wie net oan te slepen.

In boppeslach dus, al tink ik net dat Pim Lammers it sa bedoeld hat doe’t er yn ’e holle fan in pedofyl krûpte. Want dat is fansels wêr’t it om draait, de yntinsje om in boek te skriuwen moat doge. En is dat wol sa as it poer en allinnich om de opskuor giet? Dêr komt by datst as skriuwer of dichter neat te kiezen hast: in boek tsjinnet him sels oan en freget/easket om skreaun te wurden. Oft der om it einprodukt hinne rebûlje ûntstiet, heart net it gefolch te wêzen fan in bewuste kar foar gedonder en in stikje publisiteit deropta.

Werom nei Martsje har column. Nijsgjirrich is dat sydlings ‘Sjappy’ fan Sipke de Schiffart op it aljemint komt. Dy roman giet oer in man dy’t berne is mei in soerstoftekoart en op seksueel mêd folslein ferknipt is, wat troch de skriuwer tige byldzjend en direkt brocht wurdt. Om sa’n boek hinne soe bêst wat drokte ûntstean kinne, liket Martsje de Jong te tinken. Soe it? Miskien 60 jier lyn wol, mar no? En sjoch ris nei de feiten: it boek waard by myn witten mar in pear kear besprutsen; it Friesch Dagblad, De Moanne en Ensafh leauden it wol. De sjuery fan de Gysbert Japicxpriis, dy’t oars net bestie út de minsten, passearde it boek ek al. En dat sil in reden hân hawwe, nim ik oan. As sels it literêre fjild net folle yn sa’n boek sjocht, soene de pear lêzers dy’t der noch oer binne Sipke trakteare wolle op in snies aaien tsjin ’e ruten?

Dat, leave Martsje, al mei al sil it net tafalle om te foldwaan oan de oprop dy’tst yn dyn prachtige column dochst. Al giet myn nijste oer in ûnderwerp dêr’t elk in stevige miening oer hat, dat dan wól wer. En it is aktueel, moai meinommen dochs? Mocht it no sa wêze dat der hjir yn Drachten dochs in aaismiter opdûkt, dan sil ik him trochferwize nei Wim de Vries, want myn útjouwer hat folle gruttere ruten.

En fansels lit ik it dy as earste witte, beloofd!

Korreksje: It docht bliken dat 'Sjappy' yn de papieren edysje (2021) besprutsen is by Ensafh troch Geart Tigchelaar.