Yn it spoar fan Rely

Rely

relyfoto
11 oktober 2024

Om mar mei syn dea yn hûs te fallen: ik slút oan op it wêzen fan Rely Jorritsma. Mei as úterste konsekwinsje dat ik lykas de man sels grûnbesitter wurden bin. En dat bedoel ik yn dit gefal letterlik.

By de útrikking fan de Rely Jorritsmaprizen begjin oktober stiene wy as winners kreas op in rychje foar de foto, it slútstik fan in moaie middei. By in taspraakje foel ynienen in jiertal: 1952. Omdat ik de kop der net hielendal by hie, skrille ik op. It duorre even foardat de betsjutting de lâningsbaan fûn hie. Want it die bliken dat yn dat jier Rely Jorritsma ferstoarn is. ‘Ferrek’, sei ik tsjin Jilt Jorritsma dy’t neist my stie, ‘dat is myn bertejier’. It wie in wat nuvere gewaarwurding, it gefoel fan in stokje dat trochjûn wurdt.

Nei ôfrin stutsen wy oer nei kafee Jonker Sikke, oare kant wei. Tafallich rekke ik yn petear mei in besiker, dy’t him nei in skoftke  foarstelde as ponghâlder fan de útrikking. Dat wie myn kâns! Want hoe faak wurde der gjin fragen steld oer it fermogen dat ûnder de Rely lizze moat? Hoe kin it dat elk jier wer sa’n grut bedrach op it kleed lein wurde kin? De ponghâlder glimke mar wat, it achterste fan de tonge krige ik net te sjen. Mar, sa sei er laitsjend, ik hoegde my gjin soargen te meitsjen oer de takomst, ek net no’t der sa op kultuer besunige wurde sil.

In fijne priis dus, mei in wearde dy’t besjen lije kin. En dan bedoel ik diskear net allinnich as blyk fan wurdearring fan wat je yn jins boppekeamer úttinke, mar yn dit gefal ek materieel. Want sis no sels, tûzen euro foar in ferhaal of gedicht, dat liicht der net om. Om foar myn boeken oan dat bedrach te kommen, moat ik meardere romans skriuwe, sa simpel is it. ‘In moaie ynstruier’ is dan ek in sizzen datst as Rely-winner gauris te hearren krijst. Eins wit ik noait goed hoe’t ik derop reageare moat, as boomer haw ik it ommers bêst. Je hoege mar nei myn Mitsubishi Colt fan 2012 te sjen om te witten: dit is in skriuwer yn bonus. 

Om dy reden ha ’k de lêste jierren in moaie bestimming foar dy 1000 euro fûn, alhiel yn line mei wêr’t it jild weikomt. It komt ommers út ’e opbringst fan de grûn dy’t Rely Jorritsma neilitten hat. En wat doch ik tsjintwurdich? Ik stek it yn de oankeap fan in eigen stikje grûn! Dat doch fia de webside fan Land van Ons, in klup dy’t boeregrûn opkeapet, de natuerwearden werstelt en dan ferhiert oan bio-boeren. Sa ha ’k al in moai grûnbesit opboud. En nee, it rindemint bestiet net út jild, mar út it witten dat ik op dizze manier in lytse bydrage leverje kin oan it ferbetterjen fan troch te yntinsyf gebrûk sike grûn.

No mar hoopje dat Rely Jorritsma mei in glimke op my delsjocht. En sa net, dan folgje ik it âlde spoar fan myn foarâlden: ik bin op’t lêst net foar neat boeresoan.