‘Ik bin gjin klant fan dy bank, mar oars soe ik fuortdaliks opstappe. Ik hoopje dat elk dy't dêr noch al klant is ek fuort oerstapt.’ It wie ien fan de fersuchtingen dy’t ik nei oanlieding fan in taalynsidint by ING foarbykommen seach op Facebook. De oanlieding wie in berjocht op It Nijs, dêr’t Fedde Dijkstra syn beklach die oer it taalbelied fan dy bank, en dan benammen it foarskrift foar meiwurkers om gjin Frysk te brûken, ek al freget de klant derom.
It is by in diel fan de foaroprin-friezen hast in tradysje om dan fuortdaalks stevich yn ’e bus te blazen, want ús taal is hillich en dat sille wy witte ek. It resultaat is ynstimming ('Sa is ’t!’) en in soadsje likes. Mei dêrnei in djippe stilte. Want echt stoarm wol it mar net wurde, sa’n sigentsje yn in glês wetter, om mar te swijen oer The Real Deal: in nije Kneppelfreed...
Foardiel fan sokke foarfallen is dat it Frysk wer ris yn ’e belangstelling stiet, mar in neidiel is der likegoed. Want se liede wakker ôf fan it werklike probleem, en dat is de sleauwe taalhâlding fan ús as Friezen séls, in folle gruttere bedriging foar de taal as wat in willekeurige bank útfret.
Mar wurdt der dan net alles oan dien om it Frysk in kontsje te jaan? Hawwe wy net de Afûk, Tresoar, Fryske Akademy, Dingtiid (húh?), streektaalkonferinsjes, ynliedingen fan djipfriezen, taalûndersiken en wat al net mear? Jawis wol, en niks mis mei. Mar dêr, heech yn ’e taalbeam, wurdt spitigernôch de tsjinst net útmakke, hoefolle subsydzje oft der ek tsjinoan smiten wurdt. Nee, it lot fan it Frysk en safolle oare lytse talen wurdt útmakke oan ’e woartel, dat wol sizze: op strjitte, achter de foardoar by minsken thús, op it skoalplein.
Net allinnich skeakelje hieltyd mear Friezen oer op it Nederlâns, by in soad (noch?) Fryskpraters slyt de taal yn heech tempo fuort. Sjoch mar ris nei de Omrop, hoe’t by fraachpetearen mei de man/frou op strjitte kloften basiswurden ferfongen wurde troch it Nederlâns. It sil dan ek net lang mear duorje foardat it Frysk ferfongen is troch in mjuks fan Frysk en Nederlâns, oftewol Yung Frysk, sa’t Arcadia hawwe wol.
It sil de Friezen woarst wêze, en miskien kin ik my sa stadichoan mar better by dy mearderheid oanslute. It libbet justjes nofliker, in gedachte dy’t grif ek by de Fryske klanten fan ING foar master opslein hat. Want sis no sels, om werom te kommen op de fersuchting oan it begjin fan dit stikje, soe der werklik ien west hawwe hat dy’t nei sa’n oprop op Facebook fan bank feroare is?