Sjak

Sjak

Sjak
28 juli 2024

‘Fraiz’n in Grunn, je moet moar dúrv’n’ sei in fint dy’t neist my stie te pisjen. It wie op 18 april yn Huize Maas, neidat wy mei SKIFT (Foppe Jacobi, Bauke van der Heide en ik) krekt it Noord-Nederlands Liedjes Festival wûn hiene. It wie ek de jûn dat wy Jacques d’Ancona kennen learden. SKIFT bestiet allang net mear, Jacques sûnt koart allikemin, en oft dat Festival noch bestiet wit ik sa even net.

Oan Liet hiene wy al faker meidien, mei in twadde plak yn ’92 as bêste resultaat. It like ús begjin ’96 net ferkeard it ris bûten de provinsje te besykjen, mei omdat wy sawat klear wiene mei de opnames fan ús cd ‘Nije Hoed’. Nûmers genôch dus, en boppedat in moaie gelegenheid om ús wurk te promoatsjen. Yn Grins noch wol: ‘Je moet moar dúrv’n’.

Sa’n festival moatte je net al te serieus nimme, it is in koerfol apels en parren dêr’t in sjuery in winner út oppikt. Sa wie it dy jûn yn Huize Maas ek. De dielnimmers kamen út de trije noardlike provinsjes, alle sjenres wiene wol fertsjintwurdige, fan rock, pop en kabaret oan lústerlietsjes (wy dus) ta.

Neidat de optredens klear wiene (wy mochten elk twa nûmers dwaan), sochten wy lykas alle dielnimmers in plakje yn ’e seal. Net fier by ús wei siet… Jacques d’Ancona. Ek yn dy tiid al in BN’er, en dan yn it wyld op in pear meter by ús wei. De man hie it wakker nei ’t sin. Hy wie net by in Grinzer rockband wei te slaan, jonge bazen, strak yn ’t lear en dúdlik syn favoryt foar de einoerwinning.

By de útslach (Ljouwerter Krante) sprongen wy in beskieden gatsje yn ’e loft, it ‘spikergoed’ fan de sjuery wie in fijne ferrasssing. Jacques sprong in stik minder heech, in lokwinsk fan syn kant koene wy op it búkje skriuwe. Dat gie ek op foar it Nieuwsblad van het Noorden. Yn it ferslach fan de finale (was soe dat no skreaun hawwe…) waarden wy sels net iens neamd. Us wille wie der net minder om, wy hawwe noch spesjaal ien op ús aller ‘Sjak’ nommen. 

Tsjóch!