Hoera!

Hoera

getallen
27 september 2024

Alwer hjerst, tocht ik okkerdeis al sintsjebaaiend. Mei it kwik heech en achter de sinnebril wei eage ik de tún oer en kaam op dy idioate gedachte. Tagelyk realisearde ik my dat ik tsjin dizze tiid, mar dan 25 jier lyn, op it idee kaam om my te weagjen oan in literêr bedoelde tekst. Wer ris wat oars nei alle lietsjes, sa dreech koe it skriuwen fan in ferhaal dochs net wêze? Gewoan in liettekst, mar dan wat langer. De tekst dy’t him foar my iepentearde, krige as titel ‘Job – in alter’. No’t ik derop weromsjoch kin ik it net litte om mysels út te gnizen: wát in pretinsjes, sa’n oanstellerige titel. Hawar, it jier dêrop wûn ik der myn earste Rely mei. Datselde jier boude ik it ferhaal om ta ‘De ljedder’, myn earste roman, en rôle ik it literêre wrâldsje yn dêr’t ik noch altyd diel fan útmeitsje. No ja, min ofte mear.

Dit jier 2024 is sawisa bysûnder as it om oantallen giet. Want wat te tinken fan de gouden medalje dy’t Tineke en ik tabedield krigen? In heale iuw troud, ûnfoarstelber dat dy jierren samar, yn de bekende flok en sucht, achter ús lizze. Mei bern en bernsbern hawwe wy dat yn april fierd, tankber foar alles dat ús tafoel. En dêr lit ik it hjir mar even by.

Nóch in reden foar (glutefrij) gebak. Dizze simmer ha ’k by Tresoar 10 jier as frijwilliger wurke oan de webside. Begûn yn de tiid dat Teake Oppewal op de Bûterhoeke noch foar master opsloech. Fan him ek de kneepkes fan it fak leard, tegearre in soad wille hân. Ek aardich nayf: doe’t Teake mei pensjoen gie, waard der gjin opfolger beneamd. Eat mei gjin jild/ynteresse en Kulturele Haadstêd. En dus stie ik der sawat allinnich foar. Yn dy earste jierren hie ’k der in deitaak oan, sawol dêr as thús, alles om de side boppe wetter te hâlden. Pas nei in pear jier betocht Tresoar dat der mar ris in nije Teake komme moast. Geandewei is der in prachtich literatuerteam opboud, mei as kroan op it wurk it ûnderbringen fan Sirkwy op de offisjele Tresoar-webside. Yn tsjinstelling ta earder hoegde ik dat diskear net allinnich te dwaan, mei in moaie ploech wie it samar klear.

It folgjende jubileum, of hoe’t je ek mar tsjin sa’n mylpeal oan pisje wolle. Dit jier bin ik 72 wurden. Unfoarstelber, mar wier. Dat is trouwens 6x12, en dat is dan wer in opstapke. Want mei ‘Koade read’ bin ik takommen oan it folmeitsjen fan it tolvetal as it om myn boeken giet. Yn in earder ynterview ha ’k wolris sein dat ik net al te útsloverich oerkomme wol, mar doe’t ik, noch altyd sintsjebaaiend yn ús tún, by dat heuchlik feit stilstie, koe ik der net omhinne: ik ha my prima holden. Gean mar nei, om de twa jier in folgjende roman, ik jou it dy te dwaan. Earst die ik dat neist it wurk, moarns betiid of jûns let, nei myn pensjoen meastal op fêste tiden, in bytsje ferdield oer de dei. It fielt eins wol noflik, dy tolve. Mar ris sjen oft der ek noch in 13 en 14 yn sitte. Net dat de ideeën op binne, it is mear de stap om de luie kop wer yn ’t wurk te lûken.

Hawar, earst mar hoera foar wat der is!