De leafde fan de BBB

BBB

bbb
25 oktober 2024

‘Wynmûnen’ is sa’n wurd dêr’t in soad minsken in hege bloeddruk fan oprinne. Hielendal as der fan dy dingen yn de direkte omkriten opdûke. Of sels mar allinnich yn ’e planning sitte. Dat binne de emoasjes op persoanlik flak. Mar der is fansels ek in politike komponint, lykas okkerdeis yn de provinsje Grins, de provinsje dêr’t ik in soad ynformaasje wei ha foar it skriuwen fan myn roman ‘Koade read’. Dêr is om dit ûnderwerp hinne op it Provinsjehûs in krisis fan komsa útbrutsen, sa’t dat op in soad oare plakken ek it gefal is. It meast opfallend hjiryn is de rol fan de BBB, mei in ynfolling dêr’t in pikant kantsje oan sit.

By myn research kaam de rol fan de boer ek geregeld foarby. Mear as ien wiisde my op de dûbele kant derfan. Dat hat fansels alles te krijen mei de wearde fan lânbougrûn, de basis fan elk boerebestean. As boer kinne je der fee op loslitte. Of biten en jirpels ferbouwe. Sa hat dat altyd west. Mar de lêste desennia is der in mooglikheid by kommen: ek wynmûnen hawwe it wakker nei ’t sin op boeregrûn. Se sjitte samar nei boppen, hieltyd heger, hieltyd mânsker, mei hieltyd mear fermogen. En foardat er it wit is de agrariër enerzjyboer.

Want ‘fermogen’ mear as ien betsjutting, it kin ek om de finansjele kant gean: wat komt der yn it knipke? Foar in soad boeren is it tastean fan mûnen op harren grûn dan ek lukratyf, in ynstruier dy’t der net om liicht. Dan giet it om tonnen, en as de boer yn kwestje ek noch in oandiel yn dy dingen nimt, mear as dat. Sa giet it yn myn Koade read, sa giet it yn it echt likegoed. En dan wurdt it nijsgjirrich. Je soene ommers ferwachtsje dat de BBB elke boer in kontsje jaan sil en elk wynplan fan herte stipet. 

Mar dat pakt dochs oars út. Want wat lêze wy yn it programma? No dit: ‘Noordzee en IJsselmeer worden niet volgezet met windmolens. Windmolens verstoren het ecosysteem. Elke boer wil voedsel- of bloemenboer zijn en geen energieboer. BBB is niet tegen kleinschalige initiatieven voor wind- en zonne-energie, maar omwonenden moeten wel kunnen meedoen en meeprofiteren.

It liket der dus op dat hjir de twadde B (‘Burger’) foarrang krijt boppe de earste (fan ‘Boer’). Ik ha dat altyd sjoen as in elektorale trúk, in manier om ek bûten de boerestân om stimmen te winnen. Mar yn ’e praktyk is de BBB dus konsekwinter as ik ferwachte, in partij dy’t it koälysje-akkoart sels by it âldpapier sette wol. Want de ôfspraak dêr yn Grins wie dat besteande plannen gewoan útfierd wurde soene. Dat wie omdat de koälysje oerkomme woe as betroubere oerheid. 

Foar de BBB telt dat blykber net mear. Al freegje ik my ôf hoelang’t men de hakken yn de swiere klaai setten bliuwt. Belanghawwenden yn dat park hawwe al drige mei skea-claims. En dy rinne lykas de ferwachte opbringst foar de belutsen boeren ek foar de Provinsje yn ’e papieren. Sil yn Grins de leafde fan de BBB foar de Boarger it winne? Myn ynskatting is dat de keutel dan hastich ynlutsen wurde sil: de leafde fan de BBB giet troch de beurs!