Hooftpijn

Hooftpijn

jopie
4 juli 2023

'Naar gelang het Noorden' is út, mei op de foarkant twa baaien himden. Neffens my hie in te grutte broek better west, en wel hierom.

It hjirboppe neamde boekje is in epistel mei oanrikkemedaasjes foar de P.C. Hooft-prijs fan 2024. Ut namme fan It Skriuwersbûn. In fraaie bondel/blomlêzing/brosjuere mei wurk fan tsien Fryske dichters waard op 3 july oanbean oan Sietske Poepjes, yn it Provinsjehûs noch wol: as je wat dogge, doch it dan yn styl. ‘Naar gelang het Noorden’, jawohl.

Even in koarte foarskiednis. De PC Hooft-prijs is in oeuvrepriis yn it Nederlânse taalgebiet, jierliks út te rikken foar essays, proaza of poëzy. Omdat Fryslân ek ta it Nederlânse taalgebiet rekkene wurdt, tocht it bestjoer fan It Skriuwersbûn der goed oan te dwaan en bring ek de Fryske literatuer ûnder de oandacht fan de sjuery, dy’t takom’ jier foar poëzy útrikt wurde sil.

Op himsels is dêr niks mis mei, ek hjir wurdt ommers goeie literatuer makke en wêrom soe ús wurk ék net beoardiele wurde meie? In loflik stribjen dus, gjinien kin der wat op tsjin hawwe. Oant safier teminsten. It begûn te jûkjen (teminsten by my) doe’t ik fernaam dat it Skriuwersbûn ek mei in seleksje komme soe. Wilens is dy der; tsien dichters binne troch in kommisje (wêr soene wy keare as dy der nét wie) útferkard om yn de vaart der volkeren opnommen te wurden. Fijn foar dy tsien, mar hoe soe de rest deroer tinke?

Skeve gesichten dus, dit dwaan is in resept foar gedonder. Even foar de helderheid: ik ha neat tsjin op it selektearen an sich, teminsten, as dat dien wurdt troch sjuerys fan literêre prizen. Dat is harren taak, net mear, net minder. Mar yn dit gefal leit dat dochs wat oars. Want hjir is in belangeklup foar en fan álle Fryske skriuwers en dichters oan it foarsortearen slein. Der wurdt dus net allinnich in part fan de leden ôfserveard, it Skriuwersbûn mei syn kommisjeleden presinteart him hjir ek nochris as helpsinteklaas fan de offisjele sjuery.

Wilens binne der tsien dichters bliidmakke mei in deade mosk, want hoe kinne je it opnimmen yn ‘Naar gelang het Noorden’ oars omskriuwe? In nominaasje is it net, in priis allikemin. Boppedat: in bytsje sjuery sil wier de earen net hingje litte nei de foardracht fan in belangeklup. En dan stiet Tsead Bruinja der ek noch op, in nominaasje dêr’t ik oars wol fleurich fan wurd. Want útrekkene Tsead sit dizze jiergong yn de sjuery fan de P.C Hooftprijs: de priis kin him hast net ûntgean!

Nee, ik bin net wei fan dizze wurkwize, om it mar netsjes te sizzen. Fandêr in freonlik fersyk fan myn kant. Mocht It Skriuwersbûn yn de takomst ek sa’n foardracht meitsje wolle foar de proaza-edysje fan de P.C. Hooft-prijs, lit myn boeken der dan asjeblyft bûten.

Alfêst tige tank.