Omrop F.

Omrop
14 november 2020

Yn ’e Ljouwerter fan 13 novimber skreau Martsje de Jong yn har twa-wyklikse column: 'Miskien kin de Omrop kultuer en literatuer in like struktureel plak jaan op radio en tv as fuotbal. En dan net fokusje op rebûlje of minne ferkeapsifers, mar prate oer de ynhâld'.

Dat ik har sizzen ûnderskriuw, sil gjinien nij dwaan. Al jierren wurdt út Skriuwend Fryslân wei besocht om ús Omrop safier te krijen (wer) serieus te sjen nei de mooglikheid om de kultuer yn Fryslân better om te setten yn lûd en byld. Tagelyk is it troch de jierren hinne op dat mêd allinnich mar minder wurden.

Salang is ommers net lyn dat kultuer op Omrop F. de normaalste saak fan ’e wrâld wie. Alle wiken in healoerke kultuer op telefyzje, dit ûnder ferskillende nammen, en op ’e radio De Koperen Tún, as skriuwer hie ’k it gefoel dat der altyd wol plak wie foar wat wy dogge. Mar wêr’t beide Fryske deiblêden de eigen skriuwkultuer fêstholden, fage de Omrop in strukturele ferslachjouwing bytsje by bytsje ta de doar út, om dy te ferfangen troch heechstens wat hapkes en snapkes.

Hoe hat it safier komme kind? Wêrom is kultuer sa faak de lul, wêr’t elkenien it belang derfan ûnderstreket? Nim de telefyzje. Allinnich de bloedeleazens fan de programearring al hat derfoar soarge dat ik der amper mear nei sjoch. Heechstens zap ik nei de opnames út ‘Noardewyn’, n.b. in radioprogramma want in folwoeksen tv-edysje kin der blykber net ôf.

Wêrom wurdt op dat plak net in wykliks kultureel programma delset? Mei ien kear yn ’e moanne in literêre ôflevering? En dan net mei presintatoaren dy’t allinnich mar doel oer sport hawwe en gjin flau benul fan wat literatuer ynhâldt? Hoe freeslik mis oft dat gean kin, is al earder bewiisd. Kijk en huiver op de Weromrop, mei Peter Middendorp as pineut fan tsjinst.

Nee, it soe goed wêze wannear’t de Omrop ris ien oannimt dy’t werklik belangstelling foar kultuer hat. En ek goed yn ’e matearje sit. Jou sa’nien in beskieden budzjet en lit dy in ûnôfhinklik (dus mei in grutte bocht om de Bûterhoeke hinne) programma meitsje foar in Omrop dy’t de F net allinnich mar sjocht as de earste letter fan 'Fuotbal'.