Wy binne delstrutsen op de pleatslike camping fan Reutum, of Reut 'm, sa 't men dêr seit. De ‘eu’ wurdt dêrby wat ôfplatte, sadat sels in wurd as Reutum lanlike assosjaasjes opropt. It plakje sels stelt net folle foar: in asfaltdyk mei in rotonde, hjir en dêr wat futleaze bebouwing en dat is it dan wol.
Dat wy dochs yn Reutum bedarre binne, is in regelrjocht gefolch fan ús camping-taktyk. Neidat wy in pear ferfelende oeren yn 'e auto sitten hawwe, nimme wy gewoan de earste camping nei de folgjende stopljochten. Of sokssawat. Foardiel is dat we ússels hiel wat sikerij besparje. Dêrtsjinoer stiet fansels it net te ûntkennen feit dat je mar ôfwachtsje moatte wêr 't it tintsje opslein wurde sil.
By it útpakken ûntdekke wy dat de ôfwaskkwast net yn ús bagaazje te finen is. Ek koarkjelûker, luchtbêdpomp en lúsjefers hawwe de oertocht nei Twinte net meimakke. In tochtsje bylâns de pleatslike middenstân is dus yn ’e regel ien fan myn earste fakânsje-beuzichheden. Wapene mei beurs en plestik taske peddelje ik fleurich ta it doarp yn. Al gau sjoch ik sa 'n typyske doarpswinkel dêr 't fan alles te keap is. It opskrift lit oan dúdlikens neat te winskjen oer: ‘Huishoudelijke Artikelen, Fietsen en Electro’, wylst rútbiljetten ferkundigje dat de opheffingsútferkeap koartingen oant wol 50% ta opsmite kin. Wát in gelok, tink ik noch, dat wy safolle fergetten binne en tafalligerwize yn Reutum bedarren.
Fol goede moed stap ik deryn, sa’n saak dy 't desennialang foltroppe is mei de wansmaak fan jierren. Wa’t noch in krantebak mei smei-izeren poatsjes, in folautomatysk feedrinkbakje of in bysettaffeltsje mei seis prachtich beprinte lânskipstegeltsjes siket, moat as de wjerljocht nei Reutum.
De eigener, in fleurige sechstiger yn in troch galgen ophâlden wurkmansbroek, spilet myn fraach nei in ôfwaskkwast op orkaansterkte troch nei syn frou, dy 't efter de toanbank blykt te bivakkearen. Mei tawijing wurdt dêrnei de hiele saak neipluze. Wilens lit de eigener my monter witte dat de saak meikoarten opheft wurde sil. Oerstallige ynformaasje fansels, mar in praatsje is noait wei. Binnen in pear minuten wurd ik opskipe mei it stiftingsjier fan de saak, famyljesykten, de problemen mei in oantroude neef en fansels de keaper fan it pân.
Nei alle gedachten soe der noch in hiele wasklist ôfwurke wêze, wie it net dat syn oarehelte har wer oan it front meldt mei de meidieling dat de ôfwaskkwasten spitigernôch útferkocht binne.
Wylst ik in yllúzje earmer op ’e fyts stap, ynformear ik oft ik miskien earne oars yn Reutum slagje kinne soe. Ferm skodhollet de eigener fan ‘nee’. En dan sprekt er de by ús thús folslein ynboargere en ûntelbere kearen werhelle folsin út: ‘Nee m’neer, in Reut'm is niks te krieg'n!'