Troch literêre fjilden

Fjilden

Gysbert
3 december 2022

Ynspiraasje is in wûnderbaarlik fenomeen. Soms fertoant se har skoftenlang net, hat se in beskûl fûn dêr’t se bûten it sicht tahâldt, op oare mominten stapt se samar wer út it skaad wei om har yn al har gloarje sjen te litten oan wa’t har mar bewûnderje wol.

Sa’n momint hie ik doe’t ik okkerdeis in advertinsje fan de Provinsje lies. Dêryn waard frege om in sjuerylid foar de Gysbert Japicxpriis, oan te leverjen troch it ‘literêre fjild’. Wat in prachtige omskriuwing, dy’t my fuortdaalks tinken die oan ien fan myn favorite dichtbondels, nammentlik ‘Troch kadastrale fjilden’ fan de ûnferslytbere Durk van der Ploeg, in omskriuwing ek dy’t my oantrune en weagje my mar wer ris oan in column.

Wilens is it oantal reaksjes op dy advertinsje bekend wurden. De útslach (nulkommaniks) ferwûndere my net; earlik sein hie ’k der al net in hege pet fan op sûnt it literêre fjild der sawat hinne leit as it Fryske lânskip sels.

De foarskiednis fan dy advertinsje mei bekend wêze. Nei krityk fan in fjouwertal laureaten, wêrûnder iksels, op de kwaliteit fan de sjuery fan 2021 (en dat is gjin krityk op de leden sels, wól op de grutte ferskillen as it giet om in achtergrûn op poëzij-mêd), kaam it ta oerlis tusken de kritisy en de Provinsje mei as doel om te kommen ta in proseduere dy’t liede koe ta kwalitatyf bettere beoardieling. Wêrom al dy drokte? De Gysbert Japicxpriis is ít ankerpunt binnen de Fryske literatuer, dat loslitte is in garânsje dat it skip úteinlik fêstrint op ’e kust.

Aksje dus, oerlis, met de deputearre sels om ’e tafel. Wilens docht út in parseberjocht fan de Provinsje bliken dat der in nije sjuery beneamd is, dizze loop foar it Fryske proaza. Lykwols, it parseberjocht hjiroer soe ta misferstannen liede kinne, en dan benammen dizze passaazje: ‘Foar de beneaming fan de trije advyskommisjeleden is sûnt dit jier in nije proseduere ynsteld. Neffens it nije reglemint moat ien fan de leden beneamd wurde nei foardracht út it literêre fjild wei. Foargeande jierren waarden alle trije advysleden troch Tresoar foardroegen. De nije wurkwize foar it útstellen fan de advyskommisje is ûntstien op oanrieden fan it literêre fjild.’

Dat lêste soe útlein wurde kinne as in ferwizing nei it oerlis mei ús as fjouwer eardere priiswinners. Yn dat gefal mar even helder: mei de nije proseduere (ien sjuerylid wurdt foardroegen troch de Fryske Akademy, it twadde troch Tresoar en it tredde troch ‘it literêre fjild’) hawwe wy neat út te stean. Fansels hawwe wy wol in (yn ús eagen better) foarstel dien, mar dat sneuvele yn it oerlis tusken de Provinsje en de ynstânsjes op de Bûterhoeke. Wa’t úteinlik de hjoeddeiske proseduere útdoktere hawwe, is ús net bekend, wól dat Tresoar en Akademy tegearre op in tredde sjuerylid út moasten en dat ek fûnen.

Konklúzje: der sil dus noch wat oan de no jildende regeling sleutele wurde moatte. Benijd hokker knyn der diskear wer út ’e hege hoed tovere wurdt. Wilens winskje ik de trije no beneamde sjueryleden súkses ta mei harren wichtige taak!