Sûnt jier en dei foarmje Wytze, Swarte Pyt en kninebiks foar my in hechte trije-ienheid.
Wytze wie in echt bûtenbern, sa’n jonge dy’t it yn ’e hûs net úthold of wie it noch sa. Hy moast derop út, soms allinnich, mar meastal mei Jelle, syn fêste maat. Sa gau as it healwei fjouweren wie, makke er dat er thúskaam. In kopke tee en dan ferstrûpe om it fjild yn. Aaisykje, omspane by boer Elzinga, meiride op ’e trekker oant er sels stjoere mocht, dat wiene de dingen dêr’t Wytze mei hûd en hier yn opgie. Dat er sa faak bûten wie, koest goed oan him sjen. Hy hie in sûne kop, tocht helder en wie praktys oant fier achter de komma. Fan kompjûters moast er neat hawwe, de mobile telefoan sei him neat: Wytze wie sa’n jonge dy’t sa út in boek oer de Kameleon weirûn like te wêzen.
Dêrby hie er in knap ûntwikkele gefoel foar humor. In goede grap wie oan Wytze dan ek tige bestege. Dat fernaam ik yn de desimbermoanne, foar de bern in absolút hichtepunt. Foar my minder, mar ik ha noait sa’n feestnoas west. In pear wike earder hie ’k de nammen fan de bern op briefkes skreaun om se lûke te litten. Sa wisten se moai op ’e tiid foar wa’t se in kadoke keapje moasten. Fansels wie it in grut geheim wa’t troch wa útlotte wie. Mar Wytze makke der gjin punt fan. ‘Haha, ik ha master!’ lake er sa gau as er syn briefke iepenteard hie. Grutsk treau er it papierke mei myn namme derop yn ’e bûse, hy koe net wachtsje om wat te keapjen.
De tiid fleach, it wie samar fiif desimber. Fol spanning kamen de bern deryn. Ik hie de stuoltsjes alfêst yn in rûntsje set, mei ûnder it boerd twa grutte doazen om de rommel yn te dwaan. De pakjes seagen der prachtich út. Guon wiene oan it fersieren slein, de ferplichte gedichten sieten der meastal oan fêst, gauris mei in fleurich lintsje, wat grif it wurk fan de altyd oanwêzige memmen op de achtergrûn wie. Wytze syn pakje koest net misse. It bliek in pak fan komsa te wêzen, grutsk tôge er syn reuzekado ta it lokaal yn.
Wy koene los. Gedichten waarden mei bravoer of krekt skruten foarlêzen, pakjes útpakt. Lang om let kaam ik oan ’e beurt. Wytze en Jelle sieten har wakker te ferknûkeljen doe’t ik de mânske doaze op ’e skurte naam.
‘Dat is swier,’ sei ik en dat wie bepaald net oerdreaun.
‘Fiif kilo,’ gniisde Wytze tefreden.
Fansels hie ’k wol troch dat it om in fopkado gie, mar ik spile it spultsje mei en die krekt as snapte ik der neat fan. Earst kaam it gedicht:
Meester moet zoeken in alle gaten en hoeken,
Dat moet met de ogen dicht, dat is verplicht.
Dêrnei mocht ik besykje om it pak iepen te krijen. Alhiel yn styl wie it tichtbûn mei meters pakjetou dat er grif fan boer Elzinga krigen hie. Lykas de bern smiet ik alle troep fuort yn de rommeldoazen, ik wie no ienris skjin as sûker as it om myn lokaal gie.
Op dat stuit waard der op de doar omhuft, it fêste hichte- en djiptepunt fan it feest. Swarte Pyt kaam út ’e ûnderbou wei even nei de hegere groepen om de boel op stelten te setten. Ik wie dêr noait sa wiis mei, om my bleau Piterbaas moai yn de ûnderbou, dan koene wy ús gong gean en de pakjemiddei op in noflike manier útsitte. Wylst Sinteklaas, bang as er wie dat ien fan de jonges syn burd ôfskuorre soe, yn it gat fan de doar stie te skiten, hold Pyt de prullebak op ’e kop. Dat die er om my op ’e kast te krijen, fermoedzje ik, want it wie alle jierren itselde lietsje. Nei hjir en dêr noch wat skriftlik wurk ôfkreake te hawwen, folgen de pipernuten, de bern dûkten massaal oer de flier, in stik as wat stuollen meinimmend yn it geweld.
Doe’t alles wer rêstich wie en Pyt fuort, koene wy fierder. Mei de eagen ticht dolde ik yn de kninebiks om en djippe in tsiental sûkelademunten en in letter op. De M, hoe koe it ek oars. Op dat stuit gie de bel, it wie skoft. Fluch alles oprêde en dan nei de kofjekeamer, efkes lins, ik wie der wol oan ta. It wie wakker gesellich. Even gjin bern om ’e teannen, nei in kertierke koene wy wer fris en fruitich oan ’e bak. De Sinteklaasfiering wie op in pear bern nei dien, dêrnei hie ’k in moaie fideo, sa wie it doel.
Underweis kaam ik Swarte Pyt tsjin, hy lake syn wite tosken bleat. Pas doe’t ik ta myn lokaal yn stapte, snapte ik syn wille. Ek de rest fan de stuollen hie er omlein, de prullebak wér lege en it slimste fan alles: de flier lei besiedde mei kninebiks. Ik koe him wol sjitte, dy Swarte Pyt, mar de fûgel wie flein en ik moast der mar mei rêde.
Holpen troch Jelle en Wytze moat ik nei skoaltiid wol in oere oan it oprêden west hawwe, noch wiken letter fûn ik brokjes yn alle hoeken en hernen fan myn oars sa skjinne lokaal.
Tsjintwurdich leit Swarte Pyt wakker ûnder fjoer. Ik kin net sizze dat ik dêr rouwich om bin, lit stean dat ik begrutsjen mei him ha. Ofskaffe dy fint, it is syn fertsjinne lean.
(Earder publisearre yn it Friesch Dagblad - 2019)