Kribels

Kribels

Kribels
24 maart 2023

Seksuele foarljochting oan bern yn it basisûnderwiis, ik ha my der jierren skuldich oan makke. Want dat wie sawat misdiedich, as ik de roppers en razers op de sosjale media teminsten leauwe mei. En dan is ‘misdiedich’ noch in understatement, want der binne der dy’t, oanfjurre troch de leagens fan Baudet en konsorten, it hurdwurkjend personiel yn it ûnderwiis sûnder mei de eagen te knipperjen yn ferbân bringe mei pedofily, dé swipe fan ultra-rjochtse komplotwappys om oaren te diskwalifisearen.

Mar wat wie der no werklik te rêden? Al jierren is der in wike dêr’t seksuele foarljochting yn it ûnderwiis sintraal stiet. Net dat alle skoallen dêroan meidogge, der binne in soad dy’t dy foarljochting op in eigen manier en in eigen momint ynfolje. Diskear wie it tema: Wat fynst fijn? Dy kapstôk koe brûkt wurde om bern te learen wêr’t de grinzen presys lizze fan bygelyks knuffeljen of it sjen nei filmkes op ynternet.

It grutte ferwyt nei skoallen en de Rutger Stichting (dat as wittenskiplike gongmakker al jierren sûnder problemen lesmateriaal oanleveret) ta is dan dat foarljochting foaral net te betiid plakfine moat. Want ja, dy earme berntsjes binne dêr noch lang net oan ta. As je soks beweare, spjelde je jesels wol in hiel grut brevet fan ûnkunde op. Bern wurde ommers al fan ’e widze ôf deasmiten mei seksueel laden filmkes. Kloften jonkjes speure achter de rêgen fan har âlden ynternet ôf, op syk nei porno. En dat fine se ék, fernaam ik jierren ferlyn al doe’t ik it ûnderwerp ris op tafel lei yn myn klasse. Mei alle fragen dy’t dat by bern opsmyt. En de famkes? Dy wurde hieltyd betider ûngesteld, en dan prate wy oer jierren yn fergeliking mei earder.

It is dan ek wol hiel wûnderlik dat der, ûnder lieding fan betûfte learkrêften binnen de feiligens dy’t skoallen biede, gjin op de leeftiid fan bern ôfstimde foarljochting jûn wurde mei. Om mar te swijen fan it toanen fan in supergefaarlik 3d-model fan in kutsje. Dat elk wit hoe’t in pimel derútsjocht, is sa normaal as wat, mar it froulike geslachtsdiel bliuwt in taboe. It is net foar neat dat de al earder neamde leagens fan Baudet stipe waarden troch partijen as de SGP en DENK, fermiddens dy’t net bepaald bekend steane om harren froufreonlike wrâldbyld. Wa’t mei-âlet yn dat koar, moat dan ek net seure oer holdoekjes en besnijenis yn dy hoeke.

En al dy masters en juffen? Och, dy geane tsjin de ferdrukking yn mar troch mei wêr’t se goed yn binne: bern klearmeitsje foar de takomst, ek op seksueel mêd. Dat dat slagget, blykt út it feit dat Nederlân ien fan dy lannen is dêr’t abortussen earder útsûndering as regel binne, wylst ek SOA’s hjir minder foarkomme as yn lannen dêr’t bern ‘beskerme’ wurde tsjin al dat woke-gedoch. Tagelyk wurdt op dizze manier it wurkjen yn it ûnderwiis wól hieltyd swierder. Want om te witten dat op likes geilende folwoeksenen klearsteane om elke kâns op in fjurke te benutten, wurket net fijn.

En dêr krij ík no de kribels fan.