As it libben in skouspul is, dan foarmet de supermerk it dekôr. In eintsje foar my is in jonge mem drok dwaande om in winkelwein te foljen mei wat nedich is foar in húshâlding mei twa jonkjes. Beide hearen beselskipje mem mei in oan waansin grinzjend entûsjasme.
It nobele twatal hat betocht dat mem wol wat help brûke kin. Sadree’t de winkelwein de steven keart, sjit it duo nei foaren om de fermoedlike winsken fan mem yn ferfolling gean te litten.
Sa wurdt se bliid makke mei twa pûden hûnefoer, in kattebak en noch in oantal op bisten rjochte artikels. Hieltyd set mem mei hillich geduld alles werom yn it goede fak, wêrnei 't de jeugd útlein wurdt dat sokke bisten yn de thúsbiotoop net foarkomme en wat moatte je dan mei in kattebak? In kat keapje, neffens de âldste fan de twa, in koartbroekich búkmantsje mei stikeltsjehier en eagen fol ûnskuld.
Nûmer twa knikt ynstimmend.
Wer útlis fan mem en dan mar wer fierder, rjochting frisdrank. Kola blykt favoryt te wêzen, mar net sûn, dus set mem de kola wer teplak. Grutte ûnienichheid. By Bart krije we ek altyd kola, wit stikeltsjehier te melden. Syn adjudant foarsjocht it betooch fan broerleaf mei in ferme knik, mar it mei net bate. Gjin kola dus. Nei noch wat ôfdielingen ôfwurke te hawwen, bedarje we sa stadichoan yn de buert fan de kassa's.
Lykwols, it supermerkwêzen hat it sa betocht dat de snobbersôfdieling earst noch nommen wurde moat. Der wurdt fan útgien dat by de measte âlden, mei de ferlossende kassa yn sicht, it ferset wol brutsen wêze sil. Beide beukers steane betize troch de oerweldigjende kar yn dit bernewalhalla foar it rek mei miljoenen fleurich ferpakte sûkerbomkes.
En dan giet it mis.
Samar slacht de stimming om en krije de jongemannen in daverjende rûzje. Nûmer ien jout nûmer twa in dúst, mar de lytse is in fel baaske en foarsjocht syn âldere broer fan in stevige wats op syn wang.
Brulle.
Dêr 't de measte supermerkmemmen, murf slein troch de barre winkeltocht, meiraze en derop los meppe, dêr seit dizze mem fan alle memmen mar ien wurd:
Hantjes!
Op itselde stuit flitsje de fjochthantsjes fan beide beukers op 'e rêch. Dêr steane se, hjit en mei de búkjes stiif tsjin elkoar oan. De frede wurdt gau tekene. By de kassa sjocht mem my even oan. Se moatte noch safolle leare, seit se mei in ûntskuldigjende glimk.
Koene problemen yn de grutte wrâld ek mar sa oplost wurde, betink ik as ik ôfrekkene ha en ta de saak út rin, mei al dy groepen dy’t tsjintwurdich rjocht foarelkoaroer steane, is it net om Swarte Pyt, dan wol om it al of net nimmen fan in faksinaasje. Wat soe it moai wêze as der in teken wêze soe dat troch elkenien aksepteard wurdt sa gau as it út ’e klau rint, lykas it ‘Hantsjes’ dat hjir sa effektyf ynset wurdt. Mar wa soe soks foarelkoar krije moatte?
Ik wit wol ien.