Yn Sina is 2023 it Jier fan de Knyn. Mar de ynfloed fan Sina is grut. Ek op Fryslân? Dat slút ik alhiel net út!
Dit jier is it ommers safier: de Gysbert Japixpriis sil útrikt wurde. Foar romans diskear. De sjuery sil grif drok dwaande wêze mei it fysike briedproses, want der moatte hiel wat boeken trochnommen wurde. Sa’t iksels dat trouwens ék doch, mar dan digitaal. Sirkwy, dé webside foar Fryske literatuer, sil yntegreard wurde mei dy fan Tresoar, in oergong dêr’t ik as frijwilliger swier by belutsen bin. Tafallich bestiet myn part fan de te bewurkjen profilen út boeken dy’t de ôfrûne jierren útbrocht binne. Om de djippe stilte dy’t Fryske literêre prizen eigen is te trochbrekken en it hillich fjoer op te pookjen, ha ’k dêrom besocht ta in longlist (mei linkjes nei de webwinkel, boeken moatte ferkocht wurde!) te kommen. Dêrby ha ’k myn eigen foarkar fansiden set, ik besykje allinnich mar in ynskatting te meitsjen, net mear, net minder.
Neffens my hat de sjuery noch altyd de mooglikheid om fan de Gysbert in oeuvrepriis te meitsjen. Dy soe dan gean kinne nei Hylke Speerstra. Probleem wie altyd dat syn wurk foaral bestiet út non-fiksje, en dat komt net yn de beneaming. Mar mei syn lêste boek, Testamint fan de siel, leit dat oars. Tafal of net, Hylke syn testamint soe samar in opstapke foarmje kinne nei in oeuvrepriis.
Omdat ik net al te wettich bin, sjoch ik ek Lida Dijkstra as in sterke kandidaat. Mar berneboeken komme dochs net yn ’e beneaming? Is mooglik, mar wy libje yn in tiid dat grinzen aloan fager wurde. Boppedat ken ik hiel wat bern dy’t in stik folwoeksener oerkomme as harren âlden. Dus net seure, moat kinne.
Mocht de sjuery nét foar in oeuvrepriis gean, notearde ik de folgjende boeken:
* Jetske Bilker hat mei Spegel en sonde in stevige roman skreaun oer in frou dy’t liket te demintearjen en besiket om net te fersûpen yn de deistige dingen fan it bestean;
* Sipke de Schiffart sjit mei syn Sjappy flink út de slof, yn in rauwe roman sûnder taboes;
* Willem Schoorstra lit mei De Jacht op de Codex Frisicus sjen dat Dan Brown net de iennige is dy’t mei dit sjenre út ’e fuotten kin;
* Elske Schotanus hat mei Kyra en De raven twa sterke, eigentiidse izers yn it fjoer;
* Hylke Speerstra komt troch mei twa manlju dy’t weromsjogge op harren bestean yn Testamint fan de siel;
* Janneke Spoelstra leit yn har aktuele De parallaks de wjerfarrens fan trije lesbise froulju ûnder it fergrutglês.
In kreaze yndieling mei likefolle manlju as froulju, alhiel polityk korrekt dus. De priis soe gean kinne nei ien fan boppesteande auteurs, mar likegoed kin de sjuery, it Jier fan de Knyn yndachtich, in oar boek út ’e hege hoed toverje dat ik folslein oer de kop sjoen ha. En dat soe net foar it earst wêze. Dus foar elke auteur dy’t him of har no swier passeard fielt: er is hoop!