Nearnewâld

Nearnewâld

lekker
8 april 2022

Yn Nearnewâld, net allinnich jubileumboek, mar ek hometown fan it Skriuwersboun, is in plan oer promoasje fan boeken en in bettere beleaning fan skriuwers betocht. Dat waard tiid, der is romte foar ferbettering. En dy is yn dit plan dan ek te finen. Mar in 'lékker boek'?

Kwa timing ha ’k noait de handichste harry west, docht ek diskear wer bliken. Gean mar nei: krekt in manuskript by Het Nieuwe Kanaal ynlevere en no moat ik potferdoary neist de korreksje ek noch as de bliksem soargje dat it ‘lekker lêsber’ is. Want dat is wat it Skriuwersboun graach wol as ik de plannen foar in hegere beleaning foar skriuwers en in bettere boekpromoasje goed begryp.

Neffens it plan fan Verf & Co soe in ‘ûnôfhinklike kommisje’ dy’t bestiet út in lêzer, in boekferkeaper en in biblioteekmeiwurker, te beneamen troch al like ûnôfhinklike ynstituten, seis ‘lekker lêsbere’ boeken yn ’e merk sette moatte mei in wiidweidige promoasje-kampanje.

De hiele beoardieling, fêstlein yn in wiidweidich punteplan, giet dan ek nochris op anonime basis: blykber hat it Boun fuort al twifels by de ûnderstelde ûnôfhinklikens fan de kommisje. As klap op de fjoerpylk krije de seis útferkarden elk 5000 eury om de minder lêsbere skriuwers mei te treasten. Ik nim teminsten oan dat sy foar ‘it kollektyf opkomme moatte, oars wurdt it iderkear wer in iensume striid’, sa’t earder yn it plan beweard wurdt.

Jim begripe it al, my hinget de broek wilens allang op ’e knibbels. Want wêrom sa yngewikkeld? Wêrom de sinnige foarstellen dy't ék dien wurde, ûndersnije litte troch healwiis praat oer 'lekker' lêsfoer? De promoasje fan Fryske boeken hat ommers sûnt jier en dei al in namme: Boeken fan Fryslân! Oait wie dat in gearwurking fan alle útjouwers, bedoeld om it Fryske boek oan de frou/man/ofwatdanek te bringen. Wilens is it ien fan de safolle poaten fan de Afûk, mei in eigen budzjet, in poat dy’t neffens it Skriuwersboun blykber net effektyf genôch oan ’e wei timmeret.

No soene je tinke kinne oan it opheegjen fan it budzjet foar BFF. Soe dat in goed idee wêze? Ja, absolút. Teminsten as BFF álle útjouwers noch altyd fertsjintwurdigje soe, sa’t oarspronklik de bedoeling wie. Helaas steane dy oare útjouwers wilens bûtenspul, wêrmei't de oarspronklike basis ûnder Boeken fan Fryslân fuortfallen is. En sa komt de fraach boppedriuwen wêrom't der net keazen wurdt foar de meast logise opsje: de promoasje oerlitte oan de útjouwers séls.

Ik soe der dus foar pleitsje wolle om it besteande budzjet foar promoasje by BFF wei te heljen en ûnderdiel te meitsjen (earmerke!) fan de provinsjale stipe dy’t útjouwers dochs al per boek krije. Dan kinne se sels, yn oerlis mei de auteur, útmeitsje hoe’t se har wurk yn ’e merk sette wolle en wurdt foarkommen dat der yn Nearnewâld foar de safolste kear, sa’t it Skriuwersboun wol, in sirkus delkomt om de boel op stelten te setten en jier út, jier yn in spoar fan argewaasje troch de Fryske literatuer lûkt.

En no mar gau fierder mei de korreksje fan myn nijste boek. Nee hear, ‘lekker lêsber’ hoech ik it net te meitsjen: dat is it fansels allang!