It jier fan de oaljefant

Oaljefant

Gysbert
12 mei 2023

Nei de publikaasje fan myn eigen longlist (sjoch myn blog hjirfoar) krige ik op Facebook en ek yn de kuiergongen aardich wat respons. Suggestjes, ynstimming, fraachtekens, allerhanne reaksjes kamen foarby. Sa waard gauris wiisd op oare boeken dy’t maklik op myn list stean kind hiene. En it is wier, der hie folle mear by kind. Wêrom ha ’k dat net dien, wêrom it iene boek al en it oare net?

Nochris: de gearstalling fan myn longlist is net mear as in rychje boeken dy’t kwa ûnderwerp, styl of om oare redenen opfalle, mear net. In kwaliteitsoardiel is it yn alle gefallen net, dan hie myn longlist der wierskynlik krekt wat oars útsjoen.

Om it mysels net al te dreech te meitsjen, gie ik derfan út dat de roman, tradysjoneel of net, de grutste kâns makket om foar de Gysbert te gean. Dêrmei foelen bygelyks ferhalebondels ôf. Eins giet dat tsjin myn prinsipes yn, want ferhalebondels ha ’k heech sitten, mei as ekstra oerwaging dat it literêre nivo neat minder is as wat je yn romans oantreffe. ‘Kill your darlings’ dus, wat ynhold dat bygelyks Elmar Kuiper syn In frjemde fûgel ôffoel, mar ek De grize giet oer de grouwe fan Sjoerd Bottema.

Ferfolgens naam ik my foar om wurk fan eardere Gysbert-winners bûten myn longlist te litten: de kâns dat in skriuwer twa kear de Gysbert tabedield krijt, is sa goed as nul. Dêrmei wie ’k fuort ôf fan de fraach oft ik myn eigen Quist no opnimme moast of krekt net. Dy kar betsjutte dat ek Passys fan Josse de Haan (docht wurk fan skriuwers dy’t himele binne eins wol mei?) en Durk van der Ploeg syn Wek yn ’e rivier ôffoelen. Itselde gie op foar in oare eardere winner, dy’t bepaald opfallend oanwêzich wie yn de nij ferskynde boeken fan de lêste fjouwer jier, dé oaljefant yn ’e wachtkeamer dêr’t de kandidaten foar de Gysbert al neiltsjebittend it jier yn trochkomme moatte.

Om it effekt fan dy lêstneamde auteur yn perspektyf te pleatsen earst mar ris wat siferkes. Rûchwei (ik kin ris ien oer de kop sjoen hawwe) sjogge de oantallen fan nij ferskynd Frysk proaza (oersettingen en wat al net mear dogge net mei) der sa út:

2019: 11
2020: 17
2021: 34
2022: 21

Wat opfalt is de pyk yn 2021. Is dat it effekt fan de pandemy of is der wat oars te rêden? It lêste dus, want it is Willem Tjerkstra dy’t ferantwurdlik wie foar in fikse boost. Mei syn Odyssee, in rige fan mar leafst 27 boeken dy’t er yn dizze perioade publisearde, soarge er hielendal yn syn uppy foar in spektakulêre opheging fan it oantal nij ferskynde boeken, de Gysbert hjirfoar soe sawat op in oeuvrepriis delkomme. Gean mar nei: op in totaal fan 83 net minder as 27 romans oanleverje, dat is my nochal in fertekening fan de werklikheid.

Want lit ús earlik wêze, safolle stelt it Fryske proaza getalsmjittich net mear foar. De measte skriuwers binne kwa leeftyd sawat oan ’e ein fan har Latyn (op Durk van der Ploeg nei, dy is foar ivich!), nije oanwaaks is der amper. Mar goed, der is foar de sjuery no noch genôch om  út te kiezen, it glês is healfol en dêr nimme wy dan mar ien op.

Tsjoch!