Relyfacts

Rely
3 oktober 2016

Op sneon 1 oktober waarden de Rely Jorritsmaprizen útrikt, ien fan de noflikste literêre barrens yn Fryslân, mei in hege gunfaktor, sa’t Pieteke de Boer op Facebook al sei. Krekt as ferline jier wie de útrikking yn Weidum. Dat hie in pear redenen: sûnt der keazen is foar in presintaasje à la Studio Smids is it tsjerkje yn Bears net mear brûkber. Om’t it doarpshûs yn Bears ferboud wurdt, kaam dus Weidum wer yn byld. En net allinnich by de organisaasje, sa die ôfrûne sneon bliken. Want it publyk wist de útrikking man- en froumachtich te finen. Allinnich dêrom al soene je der spontaan fleurich fan wurde!

Boargemaster Liemburg iepene it feest mei in wurdsje oer de takomst fan de Rely Jorritsmapriis. Littenseradiel giet straks op yn in grutter gehiel, boppedat hie de gemeente frege om reaksjes op de plannen om de opset by de tiid te bringen. Sels hie ’k mei dit blogje derop wiisd dat it idee om drompels foar dielnimming op te smiten as neidiel hat dat de kwaliteit ûnder druk komt te stean. Oaren, lykas it Skriuwersboun, namen itselde stânpunt yn en it hat holpen: dy oanpassing giet net troch.

Wat ál trochgiet is it foarnimmen om it ferskil yn prizen tusken poëzy en proaza op te heffen, in goed ding. De Junior Rely sil yn 2018 ophâlde, it reglemint foarsjocht net yn dy kategory. It foel my oars op dat frou Liemburg yn dit ferbân ek de wedstriid fan it Skriuwersboun neamde as konkurrint. Neffens my hoege dy twa elkoar net te biten, mar hawar. As ik it goed begrepen ha sil de Junior no opgean yn de lêstneamde wedstriid en sil de Afûk hjir ek in rol yn spylje. By de Junior Rely seach ik trouwens in pear ferrassend sterke bydragen foarby kommen, nammentlik fan Bo de Haan en Tjitske van der Meer.

De útrikking sels gie as it spoar. De betûfte formule dêr’t Studio Smids sa stadichoan bekend om stiet, wurke ek hjir wer omraak. Alles waard oanstjoerd fia in mânsk skerm, opûnthâld is der net en it publyk hoecht him gjin tel te ferfelen. De sfear wie dus prima, mei moaie optredens fan de winners, fakentiids mei treflike begelieding fan Hein Jaap Hilarides. Nei ôfrin koe der noch even netwurke wurde, in gelegenheid dy’t ik brûkt ha om myn nije boek te promoten, wat ik trouwens oan ’e ein fan myn presintaasje ek al dien hie.

Trouwens, wisten jim dat Wybo Smids en Tjerk Kooistra jierren ferlyn de presintaasje fan Under Wetter op it feest fan it Fryske Boek yn de Harmony fersoarge hawwe? It stiet no op YouTube!