Kadoboek

Erik
11 december 2015

In kadoboek is in boek datst kado krijst of moaier noch: datst as kado jaan kinst. Yn dy lêste kategory falle by my twa boeken, it iene al wat langer, it oare sûnt koart. Oer dat lêste boek giet dit stikje.

Ik haw it oer Erik of it lyts ynsekteboek fan Godfried Bomans, útjûn troch Regaad te Grins, yn in oersetting nei it Frysk ta. Ik ha der altyd foar west om mear boeken yn it Frysk oer te setten, simpelwei om’t dêrmei it net al te grutte oanbod fan oarspronklik wurk oanfolle wurdt. Boppedat moatte sa oersetters yn ’t spier, wat ek wer in oantal foardielen hat, lykas wurk, ynkomsten en wa wit, ynspiraasje foar eigen proaza of poëzy.

No moat ik earlik bekenne dat iksels net gau sa’n oersetting oantuge sil, hielendal net as ik it al earder yn de oarspronklike taal lêzen ha. It boek moat in mearwearde hawwe en dan it leafst ek noch wat ekstra’s om my hielendal oer de streek te lûken. Erik of it lyts ynsekteboek foldocht wat my oanbelanget oan dy kritearia: ik hie it noch noait lêzen (dat jildt trouwens foar de measte boeken) en it sjocht der ek nochris geweldich moai út.

De ynhâld is gau ferteld. Erik leit op bêd en makket kontakt mei syn foarâlden dy’t op portretten om him hinne hingje. Hy ferskronfelet en komt yn de wrâld fan ynsekten telâne. Syn aventoeren wurde prachtich beskreaun, it ferhaal nimt je samar mei. Wat net swak bydraacht is de fersoarging fan dit boek. Nina Peckelsen hat prachtige yllustraasjes makke, it boek sels is mei soarch printe, wylst de oersetting dien is troch in tûzenpoat. Want sa meist Geart Tigchelaar sa stadichoan wol omskriuwe: hy hat der in prachtige oersetting fan makke.

De presintaasje wie ek al hielendal yn styl. It Skriuwersarkje fan Rink van der Velde foarme it dekôr. De hapkes pasten by it boek, dat ik ha foar it earst wat hipperhapkes (sprinkhoannen) en moalwjirmkes fuort kôge en it fierdere selskip wie ek tige yn oarder.

Al mei al is Erik of it lyts ynsekteboek mei in skaplik pryske (€ 12,50) dus in prima boek om kado te jaan. En dat oare boek dat ik ek gauris fuortjou? Dat binne de Oranjekoeken fan Tryntsje Nauta. Twa boeken dy’t prima smeitsje, wat wolle je noch mear yn dizze desimbermoanne.