Soms is in ôfskied mear as in ôfskied. Dat jildt yn alle gefallen foar it ôfswaaien fan Teake Oppewal, literatuerbefoarderer (prima Scrabble-wurd) sa’t dat dan sa moai neamd wurdt.
Dat befoarderjen moat yn myn gefal letterlik nommen wurde. Doe’t ik yn 2000 in Rely Jorritsmapriis wûn hie en it winnende ferhaal letter yn Ljouwert foarlies, wie dêr ynienen Teake Oppewal. Ut syn opmerkingen nei in ynterview, dat my troch Jitske Kingma ôfnommen wie, sei er sa by de noas lâns dat der ferhalen genôch wiene, mar dat der ‘in grut ferlet’ fan Fryske romans wie.
Dy opmerking luts my oer de streek om dat dan mar ris te besykjen. Dus oan ’e slach: nei in goed jier hie ’k ‘De ljedder’ skreaun. Dat ik makke in ôfspraak mei Teake, dy’t doe noch foar it FLMD wurke. Op in dei teach ik út Kollumersweach wei nei Ljouwert, dochs wol wat senuwachtich, want ja, hoe sil sa’n boek falle? Foar de wissichheid hie ’k it manuskript op skoalle útdraaid en yn in plestik taske treaun. It wie prachtich waar, wy bedarren yn ’e tún. Doe’t ik dat pak út ’e tas luts, wist Teake even net hoe’t er it hie. ‘Wat is dit?’ rôp er út. Ik fertelde dat dit ‘dus’ myn boek wie, mar dat ik tagelyk gjin idee hie hoe’t it no fierder moast. Wel, hy woe it earst wolris lêze, sei er. In wike letter kaam ik derachter wat dat ynhold: by sawat elke sin stie wol in opmerking, in ferbettering of in fraachteken. En ik mar miene dat ik ‘klear’ wie…
Foar de rest waard ik op myn winken betsjinne. Hy joech my de ried kontakt op te nimmen mei oare skriuwers om der sa achter te kommen by hokker útjouwer ik it bêste publisearje koe. Ek letter bleau Teake diel útmeitsjen fan myn ‘karriêre’ as skriuwer, de iene kear mei in advys, de oare kear mei it regeljen fan in optreden of, yn myn gefal, in reis nei Litouwen. De lêste jierren wurke ik alle wiken in dei mei him op as frijwilliger op Tresoar, wat fan beide kanten noflik oanfielde.
Dit ôfskied is foar my persoanlik dus sawisa al mear as in ôfskied. Op in oare manier giet dat ek op. Want mei Teake syn fuortgean falt der by Tresoar in fiks gat dat, sa’t it no liket, net mear opfolle wurde sil. Fansels wurde syn wurksumheden foar in part oernommen troch oare treflike meiwurkers fan Tresoar, mar in sintraal figuer is der straks net mear as it om de Fryske literatuer giet. It wurdt der net makliker op, lit ik it dêr mar op hâlde.
Teake, ek fan dit plak ôf tige tank foar alles, wy sille elkoar grif noch faak genôch sjen!