Bernlef kin my wat!

13 mei 2016

Dat ik op dit stuit foaral ferhalen skriuw, ha 'k al faker sein. It is in dissipline op himsels. Ynienen moat de plot fertichte wurde ta ien klap, by foarkar op in pear fjouwerkante sintimeter. Dat falt net ta foar ien dy’t wend is oan oerlibbingstochten fan kilometer op kilometer, want dat is it skriuwen fan in roman no ienkear. It doel is in nij boek, mar dat kin noch even duorje, want ik ha de hannen der fol oan.

Likegoed ha ’k al in oantal skreaun, dat it begjin is der. Mar der is ynienen in probleem opdûkt dêr’t ik net op rekkene hie. Want njonken it skriuwen ha ’k my ek foarnommen ris wat mear te lêzen. Dus doe’t ik in ferhalebondel fan Bernlef út 2010 stean seach, tocht ik der goed oan te dwaan dy mar mei te nimmen. It wie mar in euro, it boek seach der knap út en last but not least: Bernlef is in prima skriuwer.

Op in bepaald stuit lies ik in ferhaal oer twa manlju dy’t elkoar tsjinkamen yn de stêd. Leuk, tocht ik. Want ik hie noch net sa lang dêrfoar ek in ferhaal skreaun dat sa begjint. Fansels wie ik fuortdaalks benijd nei it ferfolch. De manlju besleaten om wat te drinken. Alwer leuk. Yn myn ferhaal diene se dat ek, mar goed, dat sil ek net unyk wêze. Der moat ommers praat wurde en dat kin it bêste yn in kafee, of yn V&D, lykas yn myn ferhaal. Dêrnei begûnen de ferhalen út elkoar te rinnen. Gelokkich mar, tocht ik noch, want je wolle leaver net in ferhaal útbringe dat tefolle liket op dat fan in oar. Myn ferromming duorre net lang. De haadpersoan gie nammentlik in skoftke letter nei de Matheüs Passion. En dêr dondere ik fan ’e stoel. Want by my…

Afijn, jim snappe it al. No binne der ek grutte ferskillen, dat moat ik der wol by sizze. Wylst by Bernlef de ien de oar seit te kennen wylst de oar fan neat wit en it spultsje meispilet, binne it by my âlde bekenden. Ek spilet de Passion in folle gruttere rol by my, wylst dit ûnderdiel der by Bernlef mar wat by hinget, sa’t ik trouwens syn hiele ôfwikkeling net sterk fyn. Mar stean bliuwt de kombinaasje fan dat petear tusken twa manlju en de Passion yn ien ferhaal.

Myn earste idee wie om myn ferhaal mar fuort te mikken. De twadde opsje: helje de Matteus der út. Ta it earste koe ik my net sette. Ik bin wiis mei myn ferhaal, it is yn myn eagen te goed om wei. Dat ik ha besocht de Passion derút te skriuwen en te ferfangen troch wat oars. Al wylst ik oan ’e gong wie, wist ik dat it der sa net better fan waard. En doe bruts der in tredde gedachte troch. Want wêrom soe ik my in sprút oanlûke fan wat oaren makke hawwe?

Bernlef kin my wat!