Okkerdeis mocht ik de Gysbert Japicxpriis yn ûntfangst nimme. Al fier bûten Boalsert seach ik de Fryske flagge wapperjen op de toer fan de Martinitsjerke. Dat wie foar my, wist ik, sa’t ik ek wist dat dêr yn dy tsjerke myn famylje, freonen en kunde by de útrikking wêze soene. It waard in prachtige útrikking, om noait te ferjitten.
De oankundiging fan de Provinsje dat der in nije foarm fan útrikken sit oan te kommen wie foar my gjin ferrassing, it is sa stadichoan fêst ûnderdiel fan de tradysje om wat te feroarjen. It skynt der no op ta te gean dat de bekendmakking fan de winner pas plakhawwe sil yn de Martinitsjerke, op de dei fan de útrikking. In Geile Gysbert yn in setting fan emo-telefyzje, dat sil grif mear omtinken foar it Frysktalige boek lûke as no, liket de achterlizzende gedachte te wêzen.
Om mar mei de doar yn hûs te fallen, ik bin dêr net foar sa’n feroaring, teminsten net yn dizze foarm. It unike fan de útrikking lykas beskreaun yn de earste alinea rekket op de achtergrûn en dat soe spitich wêze. My liket it ferstanniger it hiele trajekt fan de Gysbert Japicxpriis ris goed te besjen, sawol foar de nominearren as oan de kant fan de media.
Earst de skriuwers. In plakje op de longlist soe net allinnich in ear wêze kinne, it soe ek wat opsmite moatte. Wêrom net in pear hûndert euro foar elke nominearre? Wa’t op de shortlist komt, soe dan nochris in dofke oerhinne ûntfange. It kin budzjetneutraal, helje it mar ôf fan de tsientûzen euro dy’t de winner no krijt, dat docht neat ôf oan de haadpriis.
Dan it omtinken yn de media. Ek dat soe breder kinne. Sa wie der dizze loop amper omtinken foar de boeken op de longlist. Dêr is neffens my winst te heljen. Dat soe kinne middels in konvenant dat sletten wurdt tusken Provinsje/Tresoar en de media dy’t dochs al moai wat subsydzje fan dyselde oerheid opstrike. Dêr mei wol wat foar weromfrege wurde, liket my. Praat gewoan ôf dat bygelyks Omrop Fryslân skriuwers yn programma’s útnûget foar in plaatsje en in praatsje oer de boeken, set in systeem op mei lêsklups dêr’t de boeken yn besprutsen wurde mei omtinken hjirfoar yn de (kulturele) blêden, stjoer in kameraman nei skriuwers om se te fertellen dat se op de shortlist kommen binne yn pleats fan in mailtsje te stjoeren. Is dat echt allegear sa yngewikkeld?
De regy-rol dy’t de Provinsje in pear jier ferlyn claimde, soe no ris wiermakke wurde moatte. Want om alle kearen wer achter de feiten oan te rinnen is frijwat ûntmoedigjend. Om ta in goed trochtimmere, alles omfetsjend plan te kommen liket it my dan ek net ferkeard en oerlis mei Skriuwersboun, media en ynstituten. Wa wit libje dêr mear brûkbere ideeën dy’t ús wurk ûnder de oandacht bringe kinne by in breder publyk. Selektearje as Provinsje de bêste ideeën en bring in ferbân oan. Dat smyt grif mear op as in Geile Gysbert!