Troch de beammen de bosk net mear sjen, kenne jo dy útdrukking? Juster waarden wy noch mar ris mei de snút op de feiten drukt: Nederlân hellet de myljeudoelen net. Dus moat der 100000 hektare bosk byplante wurde, oars komt it op de kop ferkeard mei de opwaarming fan de ierde.
Om dúdlik te meitsjen hoe’t dat presys sit, naam in meiwurker fan Staatsbosbeheer in warbere reporter fan Nieuwsuur mei de natuer yn. Fansels nei’t wy te hearren krigen hiene dat bosken co2 opnimme, mei de ferhelderjende oantekening dat grouwe beammen mear opnimme as tinne. De ferslachjouwer frege earst mar ris hoe’t dat no presys wurke mei dy eh... co2 en beammen, hoe dogge dy dat no presys? Ko de boskwachter draaide in blêd om en fertelde dat oan de ûnderkant ‘mûltsjes’ sitte dy’t dat guod út de lucht opnimme. En dat gie dan nei de beam (foar de wissigens wiisde er mar even op in beam, je witte it ommers mar noait mei de types út ’e Rânestêd).
Dêrnei kaam der in fertsjintwurdiger fan de boerestân yn byld. Seachst hoe’t de man syn bêst die om in skala oan ûnwurden achter de kiezzen te hâlden: ûnnoazele halzen, ûnhuer plan, mar ek: ûnmacht. Want dêr siet er fol mei, dat koest oan alles sjen. Ommers, sa wist er út te bringen, de honger moat de wrâld út en dat slagget net troch op in houtsje te biten. Hjir bosk oanplantsje, betsjut dat it fierderop kapt wurde moat om ús ferlies oan lânbougrûn te kompinsearjen. En boereplanten hawwe ek mûltjes, miskien wol mear as dy stomme beammen. Mar tusken de rigels troch wist er it wol: sa gau as it oer it myljeu giet, lûkt de boer oan de koartste ein, hielendal no’t ek de KLM mear bosk oanlizze wol. Net by Skiphol fansels, dat moat útwreidzje sa’t elk begripe sil.
En it myljeu sels? Kaam dat ek noch oan it wurd? Fansels net, it skuorde him de bûsen út en rôle oer de grûn fan it laitsjen. Om Nederlân dat út alle macht besiket oplossingen oan de achterkant te sykjen, wêr’t dat eins oan de foarkant moatte soe. Mar dan moat ús gedrach oars: minder fleanfakânsjes, it hûs better isolearje, minder fan hjir nei dêr fleane yn de auto, sinnepanielen ferplicht stelle, wynmûnen akseptearje, huzen op de sinne bouwe, minder iten fuortsmite as dat wy no dogge, koalesintrales ôfbrekke yn stee fan by te bouwen, de snelheid op ús wegen nei ûnderen bystelle yn stee fan troch te jakkerjen op VVD-snelheid. Mar dat is allegear tefolle frege. Leaver wize wy op Europa, dat ûnderwilens fanwege ús publike opiny gjin foarskriften foar bôleroasters mear doart op te stellen, wy sette de poat noch mar ris op it gaspedaal.
Nee, op ús hoecht de wrâld net te rekkenjen. Wy komme allinnich fan de stoel foar Swarte Pyt, dy’t swart bliuwe moat, by foarkar mei in read mûltsje. En mûltsjes nimme co2 op, Ko de boskwachter hat it sels sein!