Se rinne hjir om mei in air fan: dit is allegear fan ús, proastich as stoaterse hoantsjes. En it binne der net in pear, mar hieltyd gruttere kloften dy’t hjir omstrune sûnder fierder in klap út te fretten. Dêrby steure se har net oan de regels dy’t wy hjir mei-elkoar ôfpraat hawwe. Yn de praktyk betsjut it dat as ik sa’n groepke oankommen sjoch, even goed útsjoch, hielendal as ik op de fyts bin, want se stekke oer sûnder út te sjen.
Nu bin ik (teminsten, sa sjoch ik mysels graach) in evenredich man. Wier, oant no ta hoegden fan my de grinzen net ticht, mar as ik sjoch hoe’t it fierder en fierder út ’e klau rint ... Want it kostet ek moai wat, sterker noch, wy smite der miljoenen fan ús soer fertsjinne jild tsjinoan. Dêrby binne wy ek nochris sa gek om in plak te bieden, iten en drinken, wy binne gastfrij as de neten.
Ik freegje my dan ek ôf hoe’t it kin dat wy sa lang wat oan ’e kant steane te blaubekjen sûnder regaad te meitsjen. Want ik tink dat dat sa stadichoan wol tiid wurdt. Om sizzen jouwe se net, want taalproblemen en wannear’t se fuortjage wurde komme se gewoan werom. De tiid fan moaipraterij hat wat my oanbelanget dan ek west. En ja, fergasse mei dan in kwealike reputaasje hawwe, mar as it werklik net oars kin, dan moat it mar sa.
Komt it ek safier? Ik ha der in hurde holle yn. Want it probleem mei dan dúdlik wêze, de saakkundigen begjinne al wer drok te nuânsearjen om foaral in ferlechje te hawwen en stek de kop yn it sân. Ek main-stream media lykas Omrop Fryslân snappe werklik net wat der op it spul stiet. Nim no dizze sin: ‘Mei de blesguozzen giet it al langer wat minder goed. De briedresultaten falle ôf wêrtroch der minder fan dizze soart binne.’ Hoesa, de resultaten falle ôf? Dat liket my krekt prima nijs. Of bin ik ûnnoazel? No de paugoes noch, it leafst folge troch de skiere, want dy kin der ek wat fan.
En de polityk? Och, tuike tuike, netwier? Johannes Kramer wol der oankommende hjerst noch wolris nei sjen. Dus dat wurdt neat. Hawar, ik sil earst mar ris prate mei wat bewenners oan de fiver by de Albert Heijn. Want dy fuorje dy skoaiers dat it sta seit. En fierder sil ik ris in stikje guozzefleis yn 'e bakpanne mikke. As it smakket, tink ik dat ik wol wit hoe’t dit probleem werklik oplost wurde kin.