It Nijs is de side fan de Fryske Beweging. It saakje wurdt draaid troch frijwilligers. Ien fan harren hie in walglike grap oer de fleantúchramp op de side set. In dei en in tanimmend oantal protesten fierder hat de 'redaksje' de 'grap' fuorthelle.
Is dat genôch? Foar my net. Ik fyn dat de redaksje mei útlis, namme en tanamme oanjaan moat hoe't dit safier komme koe. Hoe rûn de beslútfoarming hjiroer? En wêrom duorre it salang foar't men ynseach dat dit abslút 'not done' wie. Mei ta beslút it opsokkebaljen, sa't Cornelis van der Wal al oanjoech, fan de ferantwurdliken.
Update 1: ik ha It Nijs in mail stjoerd mei it fersyk op harren side te reagearjen op dizze kwestje. Dêrneist soe yntern wolris besjoen wurde meie hoe't dit safier komme koe. Trouwens, ik seach niiskrekt dat der al earder oer de ramp grappen makke binne op It Nijs. Ik freegje my sa stadichoan ôf hoe fier't dizze minsken fan de werklikheid ôf steane.
Update 2: nee, gjin boe of ba op myn mail. Blykber tinkt men dat de stoarm sa ek wol oerwaaie sil. Mar dat is dan it safolste fersin fan dizze klup. Boppedat is dit de safolste miste kâns. No soe ik wat djipper op It Nijs yngean kinne, mar op oare plakken wurdt dit ek al dien. Sa skriuwt André Looijinga wiere wurden, ik slút my dêr by oan. Konklúzje: ik bin fierder wol klear mei 'It nijs'. Groetnis.