Dit jier noch even in putsje by Harns, de rotonde by De Jouwer oanpasse, de lekkerij yn it akwadukt by Ljouwert tichtplakke en dan is de haadstruktuer fan it Fryske wegenet op oarder, liet deputearre Sietske Poepjes okkerdeis grutsk witte.
Lykwols, de inket fan dat sizzen is noch net drûch of de ‘backbone fan de ynfrastruktuer’ sa’t se dat neamde, blykt dochs wat minder op oarder te wêzen as earder beweard. Want soe der dochs net better in nagelnije wei yn it Fryske greidelânskip delklapt wurde kinne, ditkear by it spoar lâns nei Snits? Op de besteande N354 barre ommers dochs wol in soad ûngemakken, sa wit Hayo Apotheker te melden en ‘dus’ is safolle kante kilometer asfalt de iennige oplossing.
Lykwols, as sjoen wurdt nei de werklike oarsaken fan de ûngelokken op de N354 blykt neffens deputearre Poepjes dat it gauris oan it gedrach fan de automobilisten sels leit: ‘We hebben bij de analyse van de ongelukken ook gezien dat de smartphone vaak in het spel is.’ Ik freegje my dan ek ôf oft it net better is om it wangedrach fan guon automobilisten ris fiks oan te pakken yn stee fan mar wer in part fan it Fryske lânskip fol te plempen mei asfalt.
Even gjin misferstân: ik snap wier wol dat in flotte en feilige ferbining tusken A en B, of yn it gefal fan de Sintrale As fan Niks nei Nergens, in hiele ferbettering foar autoridend Fryslân is. Mar tagelyk realisearje ik my mear en mear dat de priis wol ferhipte heech is. It asfaltkompleks dat yn ús provinsje foar master opslacht hat sa stadichoan in ferneatigjende útwurking op de natuer, al waard by de realisaasje fan de As noch sa beweard dat de natuer der sels op foarútgie. Ik rekkenje sok praat ta de alternative feiten dêr’t Amearika tsjintwurdich ek mei bestjoerd wurdt.
Nee, deputearre Poepjes hie by de presintaasje fan de plannen foar in nije wei fuort oan Hayo Apotheker en konsorten dúdlik meitsje moatten dat fan in nije wei gjin sprake wêze kin. Dit sjoen de deplorabele steat fan it lânskip, it tebekrinnen fan it oantal greidefûgels en fansels de kosten, want dy sille gigantysk wêze.
No ropt it CDA yn dizze ferkiezingstiid wakker dat it tiid is foar feroaring. Soe it ôfkicken fan it asfaltkompleks dan net in moai begjintsje wêze, Sietske?
(Earder publisearre yn it Friesch Dagblad)