Achte hear Akker,
Wy skriuwe jo dit brief út namme fan hiel Einum. Want der sit ús wat slim yn ’e wei. Okkerdeis wiene jo hjir om ús nije kofjesetapparaat te ûntbleatsjen. Jo frou wie mei, wat wy tige op priis stelden. Dêrnei wiene jim by de Hoogstratens om de yurt te besjen dy’t achter harren pleats stiet. Jim krigen dêr (en dat wie út namme fan ús allegear) in fakânsje oanbean. Dat oanbod hawwe jim ôfslein, as wy jo blog fan 22 maaie goed begripe.
Op himsels hawwe wy dêr as Einumers gjin muoite mei. Jo hawwe ús optocht en delset yn dit plak. Wa binne wy om jo beslút oan te fjochtsjen? Boppedat ferskille smaken, net elk sit graach yn in yurt op in boerehiem. Op syn bêst kin fêststeld wurde dat jo net by de doelgroep hearre. Al muoit it ús fansels wol. Wy hawwe jo ommers kennen leard as in minlik man. Jo seine dat jo troch ús te portrettearjen in byld fan dizze tiid sketse woene. Dêrby hawwe jo ús mei al ús swarte en wite kanten gelokkich yn ús wearde litten. As tank woene wy dêrom wat weromdwaan. Mar goed, it is sa’t it is.
Nee, wat ús yn ’e wei sit is de reden. Jo frou wiisde derop dat se net fiksjoneel op fakânsje woe. Fan ús mei dat, net elkenien hoecht yn ús werklikheid te leauwen. Mar dat jo dêryn meigien binne, dát begripe wy net. Jo binne ommers skriuwer, fiksje is de boarne dêr’t jo út drinke. Hoe kinne jo dan sa maklik meigean yn sok tinken? Oan ’e ein fan jo blog fiere jo dan ek nochris it ultime bewiis oan. Op de weromreis wie neffens jo Einum net mear te bespeuren: der wie allinnich mar in flauwe bocht yn ’e wei. Wêrmei’t jo it gelyk fan jo frou ûnderstreke seagen.
Fansels is it logys dat Einum ynienen net mear bestie. Lykas alle fiksje wurde ek wy ûnsichtber sa gau’t der twifele wurdt oan ús bestean. Dat is no ienris ynherint oan ús wêzen. Wy besteane allinnich mar yn ’e eagen fan deselden dy’t it opbringe kinne en weagje de opstap nei de ferbylding. Dat binne yn it foarste plak skriuwers en dichters, mar ek skilders en byldhouwers, dûnsers en grapmakkers. En fansels lêzers en oare skôgers dy’t de muoite nimme mei de makkers op reis te gean.
Blykber wolle jo net mear ta dy ferbylders rekkene wurde. Wy fine dat lykas sein ûnbegryplik en hoopje dat jo weromkomme op dat beslút. Want allinnich dan sille wy wer foar it ljocht komme, earder net. Underwilens bliuwt it frijwat drok yn Einum. Jo hiene it deroer dat it dizze simmer wol wer rêstiger wurde soe, mar dat is net it gefal. Hawwe wy wat mist? It libben giet hjir dus gewoan troch, ek sûnder jo oanwêzigens. Al jildt dat net foar elkenien. Want wy hawwe in drôvich berjocht. Juster hat Alie Bijker ús ferlitten, dat wy binne mei ien minder. De begraffenis is nije wike tiisdei yn Fierum. Mochten jo beslute dat fiksje te preferearjen is boppe non-fiksje, dan soe it ús deugd dwaan jo wer te sjen.
Freonlike groetnis,
Geertruida en Hendrikje Pasveer