Friezen, lit jim gean

1 april 2016

Wannear’t sels Bekende Friezen lykas okkerdeis ien fan ús troubadours al fia Feestboek witte litte dat se by it oankommende referindum oer it assosjaasjeferdrach mei Oekraïne tsjin stimme sille, wêrom soe in SUF’ert (Sawat Unbekende Fries) as ik dan ek net wat sizze meie?

Dus los mar. Oant no ta haw ik oeral en altyd stimd, oerslaan wie der net by. Wy hawwe in demokrasy en dat betsjut foar my dat ik opdraaf as dat frege wurdt: wa’t noait stimt, moat ek net seure. Fyn ik teminsten. Mar no twifelje ik. En ik bin de iennige net. Ik sjoch it nut fan in referindum nammentlik net yn. Ik haw ommers keazen foar in bepaalde partij en dan moat dy der mar mei rêde. Fansels bin ik it ek lang net mei alles iens, mar dat lit ik by de folgjende ferkiezingen dan wol fernimme. Ik ha dus eins gjin inkeld ferlet om op 6 april myn stim út te bringen.

It sirkus om dit referindum hinne sterket my yn dy gedachte. Gean mar nei. Earst wie der in stel maloaten fan GeenPeil dat betocht om mar ris in referindum oan te freegjen. Net dat it ûnderwerp se ek mar in sek ynteressearre of omdat se de ynhâld fan it assosjaasjeferdrach bestudearre hiene, mar gewoan om wat rotsoai te skoppen. Soe ik dêroan meidwaan moatte om op dy manier de politike beslútfoarming noch wer in slach yngewikkelder te meitsjen?

Dêrby fyn ik dit no presys sa’n ûnderwerp dat alhiel net geskikt is foar in referindum. Want wa hat dat ferdrach winliken bestudearre? Soms hear ik benammen fan it nee-kamp arguminten dêr’t ik sa al fan wit dat se net klopje. Omdat it gewoan nei te lêzen is yn it ferdrach sels. Even sjen op in ûnôfhinklike side as Europa Nu, dêr’t mooglike arguminten foar en tsjin kreas op in rychje stean, mei dêrby it ferdrach sels. Se lulle dus har eigen strjitsje mar wat skjin, dêr komt it op del. Yn ’e praktyk betsjut it dat in bêst wol wiidweidige oerienkomst op in soartemint fan anty-Europees sentimint fuortstimd wurde kin.

En dan Oekraïne sels. Dat is in nij lân mei in lange skiednis dat oan de grinzen fan West-Europa leit. Ik kin my yntinke dat mei in buorman as Poetin de ynwenners foar in  ferdrach binne. Soe ik ek wêze. Dêrom fyn ik dat wy net mei de rêch nei in lân oan ús bûtengrinzen ta stean moatte, in ferdrach slute liket my better. Of wy moatte de boel dêr de boel litte wolle, mei as gefolch dat der in nije stream flechtlingen rjochting Nederlân op gong komt, dy’t dan fan my troch de nee-stimmers opfongen wurde meie as it dêr definityf misbeteart.

Ik wachtsje it op 6 april dus mar even ôf en bliuw thús. Mocht de opkomst boppe de 30% út komme (as dy teminsten bekendmakke wurdt, de NOS skynt ynienen lêst fan prinsipes te krijen), stim ik foar, mei as bonus dat ik Poetin sa in tik op ’e snút jaan kin, deselde Poetin dy’t de MH17 út ’e loft sjitte litten hat en it ûndersyk op alle mooglike manieren sabotearret. Mar blykber binne de nee-stimmers dat alwer fergetten. De kâns om him syn gedrach betelle te setten lit men graach fleane om foaral fernimme te litten dat wy in gruttere hekel oan Europa (dus oan ússels) hawwe as oan Vladimir dy’t ús no al oanmoedigjend tasjongt. Want wat sil er it moai fine as Europa hieltyd fierder desyntegrearret sûnder dat er der sels wat foar hoecht te dwaan:

Lit jim gean Friezen, Friezen lit jim gean
bliuw net sitten, stive Friezen, jim moatte stean
jim moatte roppe, raze en balte,
krekt as binne jim net alte alte…