‘Se komme altyd om kofjetiid’, se ús mem as der wer ris in fertsjintwurdiger op ’e stoepe stie. Faak wiene it feekeaplju, of in kolporteur mei boarstels en oare húshâldlike reptilen. Ien kear wie it lykwols in ferkeaper fan ensyklopedyen, wat wy trouwens in ferrekte dreech wurd fûnen om út te sprekken. ‘Ik sjoch dat jo bern sawat fan de legere skoalle geane, en dan is in ensyklopedy absolút ûnmisber. Alles, mar dan ek álles, stiet deryn, in geweldige ynvestearring yn de takomst,’ priizge de man syn produkt oan. En it foel net te ûntkennen: hy hie yndied de hiele wrâld en alles dêrbûten yn ’e oanbieding. Net dat er de hiele searje Winkler Prins by him hie, mar dat iene diel makke yndruk. Dêrneist hie er stik karton by him mei de rêgen fan alle dielen derop. Dat tearde er útelkoar om sjen te litten hoe moai oft dat wol net stie. Hoe’t it ôfrûn? De eptige fertsjintwurdiger krige syn bakje kofje en droste dêrnei sûnder bestelling ôf, de eagen fol ûnbegryp oer safolle ûnferstân. Us mem wie helder doe’t se har beswieren op in rychje sette: ‘Wêr litte je sa’n ding en wy dogge der dochs neat mei.’ Dat hie se goed besjoen: net folle letter sakke it goudmyntsje dat de útjouwers mei dy searjes yn hannen hiene as in plumpudding ynelkoar.
Want tiden hawwe tiden. Wa’t wat opsykje wol, hat genôch oan Wikipedia en de rest fan it World Wide Web. Net dat de ensyklopedy fuort is, hielendal net. By de kringloop kinst te kust en te keur. Foar in pear euro hast wat doedestiids samar twatûzen gûne koste. Dêrom seach ik der ek wol fan op doe’t ik hearde dat der in nagelnije Fryske ensyklopedy yn ’e maak wie. Heal septimber wurdt er presintearre, fjouwer fikse dielen mei alles derop en deroan. Om it hielendal nostalgys te hâlden is it gefal allinnich mar op papier te besetten, al skynt der ek in digitale ferzje te kommen. Oait, ergens.
Foaral dat lêste begryp ik net sa goed. Want it is 2016 en der is gjin útjouwer mear dy’t noch in ensyklopedy op papier útjout fanwege kosten en gjin fraach. Hieltyd minder minsken hawwe belang by in pak papier fan 8 kilo (!) yn ’e Billy fan Ikea. Om dochs te ferkeapjen is de foarmjouwing prachtich en ek de ynhâld sil grif by de tiid wêze. Dêrmei wurdt sa’n searje in ‘hebbeding’, in aardich kado dat moai útkomt yn de boekekast as je ris wat oars jaan wolle as in boskje blommen fan it tankstasjon en dat is dochs wat spitich as je witte hoefolle wurk oft deryn stutsen is.
Underwilens is men rûnom oergien op digitale ferzjes. Dy hiele ombocht fia papier dêr’t hjir yn Fryslân foar keazen is, hie om my dêrom foar itselde jild oerslein wurde kind. Fuortdaalks en allinnich digitaal, mei as ekstra foardiel dat de ynhâld út en troch in update krije kin om ferâldering foar te kommen. Neam it ‘Ensyfh’, set de brot online en meitsje de ynhâld fergees en foar elkenien beskikber, it leafst mei in fatsoenlike sykfunksje. Sá hie it ék kind en it is my in riedsel hoe’t it mooglik is dat it hjir oars betearde.