Twa Fryske jeugdboeken

22 november 2013

Fan de pear jeugdboeken dy’t de ôfrûne pear jier ferskynd binne, foelen my twa boeken op. Thys Wadman krige foar syn ‘De oerwinnings fan Tido Houtsma’ de Simke Kloostermanpriis takend en Caja Cazemier debutearre mei ‘Foarstelling’, it aksjeboek dat ferskynde by de fjirde ‘Moanne fan it Fryske boek’.

Yn ‘De oerwinnings fan Tido Houtsma’ lit Thys Wadman de lêzers (bern út ’e boppebou basisûnderwiis) op ûnderhâldende wize yn ’e kunde komme mei Tido, in gewoane jonge yn in deagewoan plakje, erges yn Fryslân. It knappe is, njonken de geve styl, dat Tido net in iendiminsjonale haadpersoan wurden is. Yn de ferhalen stapt in jonge nei foaren dy’t de iene kear meidriuwt yn de stream, om in ferhaal fierderop de dwerse bongel út te hingjen. Moai foarbyld yn dat ferbân is it ferhaal oer de buorfrou dy’t troch de heit oantsjut wurdt as ‘âlde strúk’. As se op in moarn oan ’e doar komt, moat Tido har fan har heit ôfpoeierje. Mar dat docht er dan net. Hy lit har deryn en fertelt har hoe’t heit oer har tinkt. Flot skreaun, goed lêsber foar de doelgroep. In kritykpuntsje is de tradisjonele setting fan de ferhalen. Om my mochten de ûnderwerpen wol wat eigentiidser, mar dat docht neat ôf oan de lêsberens. As de grutste útjouwer fan berneboeken, oftewol de Afûk, no ek nochris betinke koe dat je boeken foar dy leeftyd mei hurd kaft útbringe moatte, soe it hielendal prachtich wêze.

It aksjeboek fan 2013 waard skreaun troch Caja Cazemier en út it Nederlâns wei oerset troch Ans Wallinga. It ferhaal mei as titel ‘Foarstelling’ is bedoeld foar bern fan sa’n 12-15 jier. It draait om Roos en Joppe, dy’t om en om in haadstik taparte krije. Roos krijt te meitsjen mei de skieding fan har âlders. Dat wurdt goed en ek realistys beskreaun: ‘Wy moatte jim wat fertelle...’ De skrik dy’t Roos fielt is de skrik fan tûzenen bern dy’t dit meimeitsje moatte. Cazemier set dizze sêne ynfielber del. Oan de oare kant wrakselet Joppe mei de dea fan syn mem. Swiere tema’s dus. De skriuwster hat foar it oanstippen hjirfan in moaie fynst dien. Sawol Roos as Joppe binne lid fan in toanielklup. Faak begjinne de haadstikken mei in sêne dy’t dan even letter in oefening op de klup blykt te wêzen. Fansels bloeit der wat op tusken Roos en Joppe, mar dat hat noch hiel wat fuotten yn de ierde. Dêr sit ek myn krityk: de ûntjouwing fan it ferhaal duorret my allegear justjes te lang. Op it lêst moat beppe deroan te pas komme om de relaasje nij libben yn te blazen en dat liket my dochs wat te fier socht. Mar fierder in ûnderhâldend boek foar jongerein dy't wierskynlik fral út famkes bestean sil.

Ans Wallinga hat kreas mei de oersetting rêden. Wol sjogge je út en troch de dilemma’s opdûken. Moatte je by ‘iedereen’ no ‘iederien’ brûke, of dochs mar ‘elkenien’? Wallinga komt dan op side 8 mei: ‘Moarn graach iderien yn it swart. Tsien oere begjinne wy mei stimles. Elkenien is op ’e tiid, ek Renzo.’ Of dizze op side 32: Dêrnei sei se, sachter en sêfter: ‘Ik snap hoe’st dy fielst, mar...’

‘Foarstelling’ wie dit jier it aksjeboek en is fergees útdield yn de leechste jierren fan it fuortset ûnderwiis. No fyn ik ûndersiken nei ‘It Frysk’ sa’t dy ek no wer op priemmen skine te stean, jildfergriemerij, mar in ûndersyk nei it effekt fan dat útdielen soe ik wol sinfol fine. Dat hoecht suver neat te kostjen, it kin prima bûten Akademy of Goffe Jensma om. Freegje leararen even om te turvjen hoefolle bern it boek ek werklik lêzen hawwe. De útkomst kin dan moai brûkt wurde om út te meitsjen oft it fergees útdielen foar werhelling fetber is. Gewoan dwaan, soe ’k sizze!