Toetse mar wer?

27 juni 2014

Ferline wike yn it nijs: de Provinsje Fryslân wol acht ton stekke yn de opset fan in learlingfolchsysteem foar it Frysk, kompleet mei toetsen. Dy maatregel is in gefolch fan de oerdracht fan foegen nei de Provinsje ta, dit op advys fan de Kommisje Hoekstra yn 2011.

Dat yn it basisûnderwiis de hannen net op elkoar giene by dy oerdracht, is bekend. It idee dat de Provinsje ûnderwiisbelied better útfiere kinne soe as de lanlike oerheid, rôp en ropt in soad fragen en ûndúdlikheden op. Wêr leit watfoar ferantwurdlikheid? Wat wurdt de rol fan de ynspeksje no’t dy twa bazen krijt? In ynspeksje dy’t yn har eigen advizen op dit punt trouwens ek mei klam wiisde op it smelle draachflak yn Fryslân sels. En hoefolle tiid moat der bestege wurde fan de Provinsje oan it Frysk? Giet dat net ten koste fan oare fakken? Dêr’t de skoallen troch dyselde ynspeksje op ôfrekkene wurde? Boppedat kin op dizze manier de lanlike oerheid amper mear oansprutsen wurde troch bygelyks de Raad van Europa, dy’t al earder fêststelde dat de Nederlânse oerheid de twadde rykstaal amper serieus naam. Den Haach kin no trochferwize nei in folgjend loket. En dat is tenei te finen yn Ljouwert.

No dy toetsen. Myn earste reaksje, ik jou it earlik ta, wie frijwat synys: hoe sille wy it Frysk hjoed wer ris rêde? Want wêrom begjinne by it dak, as it bouterrein noch net iens opspuite is? Wy binne yn it ûnderwiis al sa’n toetsfabryk, dêr ha wy Ljouwert net foar nedich. Dat bliek wat te koart troch de bocht. Der wurdt in moai folchsysteem opset, kompleet mei portfolio’s en wat al net, hielendal fan dizze tiid. Niks mis mei, dus. It wurdt ek noch makke troch minsken út ferskillende lagen en mei in ferskillende achtergrûn. Dat is net ferkeard, want it draachflak foar Frysk yn it ûnderwiis, en trouwens ek dêrbûten, is krekt as yn 2011, noch altyd beheind. In streepfakje, sa’t men dat yn it fuortset ûnderwiis wolris seit, en dan meist sels betinke wat dat ynhâldt.

Afijn, der wurdt hurd wurke, dat is teminsten wat. Mar dat waard earder ek al dien, tink ik der dan fuort achteroan. StudioF, de metoade foar it primêr ûnderwiis, waard ek oankundige as it antwurd op alle problemen. Likegoed brocht dy metoade net it súkses dat derfan ferwachte waard. En sa binne der wol mear inisjativen dearûn op de hurde werklikheid. Dêrom nim ik myn petsje ôf foar deselden dy’t dochs wer oan ’e slach geane, ik winskje de wurkgroep alle súkses ta.

Underwilens is dit de lêste kollum foar de simmer. Moai waar en lange dagen foar jim allegear!