Toerelul

Toerelul

27 november 2020

Ljouwert mei himsels graach foardwaan as City, of leaver noch as Capital City, dit sjoen de festivals dy’t yn ús haadstêd har basis fine. Wat oars te tinken fan The City of Literature of ús prachtige Cultural Capital? En dan is Ljouwert net Capital fan Fryslân, mar fuort fan it hiele noarden: Explore the North! Soms tink ik wolris dat de Liwwadders alles wêze wolle behalve Ljouwert, in plak ûntstien op trije modderbulten, lizzend oan in tichtslibbe see, mei as kroan op it haadstêdgefoel in út it lead hingjende toerelul.

Dat it boadskip wurket docht wol bliken. Sels yn de Fryske literêre wrâld, dy’t foaral bestiet út noftere koekjes, is it Ljouwert foar en Ljouwert nei. Op himsels gjin wûnder. De ynstituten binne dêr te finen, de provinsje briedt dêr it iene wynaai nei it oare út, mei as resultaat... No ja, lit mar.

Je soene sizze dat wy as proazaskriuwers der sa stadichoan wol achter wêze moatte dat ús eigen literatuer yn Ljouwert bepaald gjin top priority is. Nim begelyks it fiasko fan de Kulturele Haadstêd, dy’t sa spektakulêr begûn mei in filmke dêr’t Hylke Speerstra en Hilda Talsma yn opdrave mochten. Dat dyselde film ek fuortdaalks it slútstik foarme foar de ynbring fan Frysk proaza waard pas dúdlik doe’t in pear reuzen út Frankryk de lêste yllúzjes ta de grûn yn wâden.

Foar de oare festivals jildt itselde, fakentiids wit men net iens dat de Fryske roman überhaupt bestiet. Op syn heechst mei de Fryske poëzy by it lytse klupke beropsfriezen op wat sympaty rekkenje, mar ik ha de yndruk dat dat foaral komt troch de maklike ynpasberens derfan. In gedicht kin teminsten noch projekteard wurde op deselde toer dêr’t ik it al earder oer hie, of men rjochtet it each op fisuële poëzy, al sa skattich mei dy typografise grapkes, netwier? En dan ha ’k it noch net iens oer in searje poëzymasines by Tresoar, dy’t foaral it beskikbere budzjet dertrochhinne jagen.

Nee, dat Ljouwert de basis is fan de Fryske literatuer is yn myn eagen in trompe-l’oeil. Wêr’t dy basis dan wól te finen is? Op it plattelân fansels, wêr oars? Dêr komme dan ek de inisjativen wei dy’t it ferskil meitsje. Ik tink dat oan Ferdinand de Jong mei syn sutelaksje, of oan Martsje de Jong en Hilda Talsma mei har idee foar BoekWinterBoek of in simmeredysje, noch moaier. En tajûn, as je dan mei sa’n plan oanklopje by de ynstituten yn Ljouwert, komme je wier net foar de tichte doar te stean: Tresoar en Afûk helpe wêr’t dat kin. Mar wie Boeken fan Fryslân net bedoeld om séls mei sokke inisjativen te kommen?

Afijn, wilens skynt der wurke te wurden oan in literêr festival. Bûten Ljouwert, wol te ferstean. Miskien wurdt it wat en ferfalt men net wér yn deselde tinkfouten mei as resultaat in festival dêr’t gjin Fyske skriuwer wat oan hat. Om waarm te draaien sil ik earst mar yngean op in Open Call Alert!!! fan New Noardic Wave. Dêryn wurdt showrunners en creators frege om in two-pager mei high-end Fryske fiksje te meitsjen, kompleet mei ferfolchtrajekt, want dy searje moat fertoand wurde op in screen near us.

Is der net in toer yn ús Capital City dy’t dêr hiel geskikt foar is?