Takomst Fryske literatuer stiet op it spul

29 april 2016

‘De takomst fan de Fryske literatuer stiet op it spul’, kenne jo dy útdrukking? Ik seach him ferline wike foarbykommen op Omrop Fryslân wylst ik der hielendal net op rekkene hie. It wie ommers sawat wykein, in bytsje útsliepe en moarns in brochje op bêd. Dat ik skrille tebek, want allemachtich, dat kaam wol even binnen: de apokalyps is op kommende wei. Ik krige spontaan fisjoenen fan in sinkend skûtsje, mei op it achterdek in orkest ûnder lieding fan Hein Jaap Hilarides en skriuwers dy’t sjongend en hantsjeklappend weiwurde yn it skomjend wiid.

Is it dan no echt safier, frege ik my mei it hert yn ’e kiel ôf. Want it is net de earste de bêste ûnheilsprofeet dy’t my dit taropt. It giet om gjinien minder as Willem Verf, altyd entûsjast, ien dy’t ik net oars ken as grossier yn rêdingsboeien. En no seit er ynienen dat de takomst fan de Fryske literatuer op it spul stiet. Dat is itselde as de Paus dy’t him driget te bekearen ta de Islam, Erdogan dy’t beslút syn takomst yn it kabaret te sykjen. As Verf soks al ropt, dan moat der dochs wol in kearn fan wierheid yn sitte? En jawol, of better sein: Jawohl. Want wat blykt de oarsaak fan alle problemen te wêzen? Dat is it rintebelied fan de ECB. Yn Frankfurt am Rhein. Dat rûkt nei in komplot tsjin de Fryske skriuweritis, útdoktere op de heechste Europese nivo’s.  

Wat is der te rêden? De pot mei FLMD-goud dêr’t Verf en in pear kompanen op blike te sitten, rekket leger en leger. Al is my net alhiel dúdlik hoe’t dat kin mei in debútpriis dy’t net útrikt wurdt omdat der de lêste tiid even gjin debutanten mear binne. En sels al soe it sa wêze, wat is der mis mei as de sinten op reitsje? Jild moat rôlje en as it op is, is ’t dien, soe ús mem wol sizze. Dus útjaan dat jild. Feroarje dy priis mar yn in dofke fan in pear hûndert euro foar elke debutant en behein dy stipe net ta de skriuwerij, want it tal keatsers rint ek hurd werom.

Mar de driging komt net allinnich út dy hoeke, stelt Willem Verf. Der binne ek hieltyd minder útjouwers mei kennis fan saken, sa lit er ús by de noas lâns witte. En it wurdt hieltyd dreger om in boek út te jaan, meldt er derachteroan. Dat wit ik noch sa net. Ik ha der yn alle gefallen gjin muoite mei. Jou my nei it skriuwen en de redaksje fiif minuten en ik publisearje in boek troch it mei in pear klikjes yn myn wepsjop te setten. Digitaal, dus freonlik foar it miljeu en net djoer op de keap ta. En as ik it op papier hawwe wol, belje ik frou Elikser, want as der ien is dy’t kennis fan saken hat, dan is it Jitske wol.

Gelokkich hat Willem Verf in aap yn de mouwe: it FLMD soe graach opnommen wurde yn de testaminten fan elkenien dy’t de Fryske skriuwerij in waarm hert tadraacht. Dan is de takomst wer fersekere en krije útjouwers spontaan harren ferstân fan saken werom. Dat ik soe foarstelle wolle njonken de boeken yn de oankommende Sutelaksje elke keaper fan boppe de fyftich in moaie folder mei mooglikheden oan te bieden. En de kosten? Dy wurde mei nocht en wille opbrocht troch it FLMD-fûns, dat grif in fiskje útsette wol om in snoek te fangen. Dat kin dan moai yn it petgat dêr’t it Skriuwersarkje fan Rink van der Velde oan leit. Wurdt it dochs noch gesellich!