Sunder seks

26 oktober 2018

In jier lyn siet ik yn in foarum yn de Harmonie. My waard frege wat ik ferwachte fan de Kulturele Haadstêd. Ik andere dat ik as proazaskriuwer gjin idee hie. Want ik seach nergens programma’s dy’t mei it Fryske boek te krijen hiene. No binne wy sawat in jier fierder. Gjin misferstân, ik ha my prima fermakke mei in soad programma’s en aktiviteiten. En Ljouwert leit der prachtich by, in plaatsje. Mar wat is der dien mei de Fryske literatuer yn it algemien en it Fryske boek yn it bysûnder?

Wat dat lêste oanbelanget: neffens my sa goed as neat. Wol seach ik noch wat dichters opdraven. Poëzy past ommers moai op de Aldehou, of op in rinnende bân, lykas yn Tresoar te sjen is. Plak der wat kleurde streekjes yn en fergeemje, fisuele poëzy, sa hoege je it gedicht net iens mear te lêzen en dogge je dóchs oan literatuer. Mar serieus: it foel my op dat guon dichters gauris opdûke en oaren hielendal net. Wylst harren poëzy kwalitatyf sjoen neat minder is. Hoe ferrint dy seleksje, freegje ik my wolris ôf. Of wurdt der yn it Lân fan Taal wurke mei in soarte fan incrowd?

Dêrfan is as it om proaza giet yn alle gefallen gjin sprake. In hiel jubeljier lang hong it proaza der mar wat by, útteld yn de touwen. It begûn al mei in Frysk boekewikegeskink, skreaun troch in Flaming, om earlik te wêzen in matich boekje en dan sis ik it netsjes. Dêrmei wie de toan set.

No kinne je beweare dat proaza net lykas in gedicht maklik yn te passen is, mar dat is flauwekul. It Fryske Boek hat jierrenlang sjen litten hoe’t dat moat troch muzikanten en skriuwers oanelkoar te keppeljen en in moai programma te meitsjen. Foar wa’t dat net mear heucht: gean ris nei de útrikking fan in Rely-Jorritsmapriis yn Weidum, dan kinne je sjen hoe moai oft muzyk, poëzy en proaza yn de foarm fan koarte ferhalen kombineard wurde kinne. Gewoan mannen as Wybo Smids en Tsjerk Kooistra ynhiere en klear. Of reizgje ris ôf nei Drinte, dêr jouwe se mei Zomerzinnen it goede foarbyld.

Mar foar Fryslân is dat blykber in brêge te fier, sels yn in kultureel topjier. Der is dan ek mar ien konklúzje mooglik: yn it Lân fan Taal docht it Fryske proaza net mei omdat deselden dy’t de linen útsette der blykber neat mei hawwe. En dat by Bûterhoekse ynstituten dy’t  de taken oenommen skine te hawwen fan it Fryske Boek en it FLMD, twa organisaasjes by wa’t it Fryske proaza wól yn it hert siet.

Underwilens hat Bert Looper it Skriuwersboun frege om nei te tinken oer de ‘Legacy’, oftewol: hoe kin der in ferfolch jûn wurde oan wat de Kulturele Haadstêd teweibrocht hat. Yn it gefal fan it Fryske boek sil dat noch in hiele toer wurde. Want sûnt wannear is in neispul mooglik sûnder dat it kaam ta in potsje dampende seks?