‘Jo sille wol fernommen hawwe dat der wat feroare is yn Drachten?’ frege Rinsma fan Lippenhuzen, by wa’t ik al mear as 40 jier myn lûdsapparatuer weihelje. Ik wist fuort wêr’t er op doelde, want yn fergeliking mei de jierren santich fan de foarige ieu, doe’t wy ek al yn Drachten wennen, is it plak in stik minder Frysk wurden.
It foel my al op by de gemeente, mar ek yn de Drait: der wurdt amper mear Frysk praat, wylst foarhinne Drachten in yn en yn Frysk ‘doarp’ wie, al like it kwa grutte noch sa op in stêd. En dat giet net allinnich op foar de jongeren, ek de âlderein praat wakker oer de grins. Pas as je konsekwint oan ús memmetaal fêsthâlde, wol men wolris bakseil helje, mar dat is lang net altyd it gefal.
Op de fraach wêrom’t se gjin Frysk prate, sei in kassafamke yn de supermerk dat soks net tastien wie. Pas as de klant Frysk werom prate, mocht sy it ek, oars net. Trouwens, de measte froulju dêr binne Nederlânstalich, de Fryske famkes foarmje in minderheid.
Fral de leeftydsgroep tusken de âldere Drachtsters en de jongerein falt my op. Fakentiids kinst goed fernimme dat se Frysktalich grutbrocht binne. Mar omskeakelje fan Nederlâns nei Frysk dogge se samar net. Sterker noch, it kostet se muoite, wat je gau ferninmme oan de matige taalbehearsking. Healbakken Frysk, grôtfol mei Nederlânse wurden en sinskonstruksjes. Ik meitsje derút op dat by dizze groep it Frysk sa’n beheind plakje ynnimt dat it by einsluten weiwurde sil.
Foar skoallebern jildt itselde. Doe’t ik in by de sporthal wachtsjende skoalleklas observearre en beharke, wie net ien bern te betraapjen op Frysk taalgebrûk. Tafallich wenje wy sawat op de rûte dy’t âldere bern fan plakken as Nij Beets nimme om by it fuortset ûnderwiis te kommen. Dy fytse by je del, en net te leauwen, ynienen waaie in pear Fryske wurden troch de romte en fuort is it wer: pop-up Frysk.
‘Wat dogge je deroan,’ fersuchte Rinsma, ít is no ienris de tiid.’ Ik glimke en tocht oan mysels as pop-up Fries. Ik sei dat ik my gewoan fêsthold oan myn eigen taal. Dat like him ek mar it bêste, hy die it krektsa.
Wy setten noch mar ris in plaatsje op.
Ingelstalich, dat wol.