Petteflet

14 maart 2020

Kultuer en oerheid, in spannende kombinaasje, hielendal as it om Frysk proaza giet. Want it Fryske proaza is net allinnich keunst, it is ek ûnderdiel fan taalpolitike kwestjes as it behâld fan it Frysk. Dat hat syn foar (subsydzjes yn alle soarten en maten, in leechdrompelich publikaasjebelied en net te ferjitten tagong ta de fleispotten fan it Fonds voor de Letteren), mar ek syn tsjin (ôfhinklikens, ôfhinklikens en ôfhinklikens).

No is belied meitsje in keunst op himsels. It freget om belutsenens en kennis fan saken. De lêste tiid falt it my op dat grutte projekten as de Kulturele Haadstêd, Iepen UP en straks City of Literature, foarbygeane oan it Fryske proaza of net mear opsmite as fage projekten dêr’t sawol skriuwers as lêzers neat oan hawwe.

Hoe giet dat yn syn wurk? Wel, earst is der lucht. By Provinsje en Gemeente Ljouwert hat men útfûn dat je dy lucht opbakke kinne. Yn in wokpanne. Wat der úteinlik útkomt, is in pet. No is der noch ien nedich om dy pet op te setten. En o wûnder, der is ien holle dêr’t er presys op past: dy fan Ernst Bruinsma. It moaie fan him is net allinnich dat er in betûft literatuerkenner en redakteur is, alles wat er oanbean krijt set er op.

Sa is Ernst Bruinsma útwoeksen ta multyman: haadredakteur fan de Moanne, útjouwer, boekbesprekker by de Omrop, baas yn it Lân fan Taal, by Boeken fan Fryslân en no wer City of Literature. Lit my foaropstelle dat ik neat tsjin ha op Ernst as persoan, it giet my hjir om de yn myn eagen nuodlike kombinaasje fan funksjes. De kâns op bline flekken en ûngelokken is nammentlik grut. Ek kin it samar sa wêze dat guon petten elkoar min ferneare.

Wat it lêste oanbelanget is der yn alle gefallen ien pet dêr’t ik (en ik net allinnich) fan fyn dat er dy allang ôfsette moatten hie. Want útjouwer en boekbesprekker yn ien persoan is not-done, sa simpel is it. Net dat er de boeken dy’t er sels útjout foarlûkt, hielendal net sels, mar sa’n komby kin gewoan net. Dat er dizze funksje dochs oanhâldt is trouwens net allinnich in bline flek by Bruinsma sels, it seit ek wat oer de (blykber net-besteande) sjoernalistike prinsipes by Omrop Fryslân.

Dat it ek op oare fronten samar misbeteare kin, die bliken út in útspraak fan E.B. op it lêsthâlden Boekefeest. Op de fraach hoe’t it kin dat der net in oarspronklik Frysk boekewikegeskink útbrocht is, sei Bruinsma dat der ‘gjin oansprekkende Fryske skriuwers’ foarhannen binne. Sa’n beskied is net allinnich in snútslach foar Fryske skriuwers yn it algemien, skriuwers foar wa’t er achte wurdt op te kommen, mar benammen ek foar de auteurs dy’t er sels as útjouwer yn syn Afûk-fûns hat.

Ik bin dan ek tige benijd nei de reaksje fan dy lêste groep. As ik by de Afûk útjaan soe, wist ik it wol. Hoe no fierder? Ik tink dat alles begjint by in sprieding fan de funksjes dêr’t de belangen fan it Fryske proaza út wei behertige wurde. Dêrneist bin ik benijd oft der takom’ jier wól in oarspronklik Frysk boekewikegeskink komme sil. Myn fraach oan Bruinsma sil dan wêze: hoe hat in skriuwer dy’t yn 2020 noch fuortset is as ‘net oansprekkend’ it yn ien jier foarelkoar krigen him of har op te wurkjen nei de boppeste etaazje fan de Petteflet?