Ik bin tsjintwurdich net foar de telefyzje wei te slaan. Sterker noch, ik kin net wachtsje oant it safier is en Fryslân Hjoed, it haadprogramma fan ús oars sa brave Omrop begjint. Want hoe sil it wêze, dêr yn it fiere Kataloanje? Ha se de ûnôfhinklikens al útroppen, is Spanje al ferslein en kinne se no tenei Frysk en Frij yn har eigen taaltsje brabbelje? Kom der mar yn, wy sille los, allegear op it puntsje fan de stoel, dêr smyt de ferûntrêste redaksje de fraach al de eter yn:
ÓNNO, HOE IS IT DÊR?!
Want de Omrop, oars wakker pleage troch besunigingen, is mei in echte ferslachjouwer op de Hot Spot yn Barcelona. En wa soe dat oars wêze as The One And Only Onno Falkena? Kom der mar yn, Onno! Fuortdaalks krije wy de man sels yn byld en ferdomd nei ta, hy hat it wakker troffen mei it waar. En mei syn baan. Nee, ditkear hoecht er net nei Geitefokferiening Looft den Heer omdat men al 100 jier geiten oan it jaar hinget of nei frou Snikstra-Weening fanwege in sok fan trije meter dy’t de widdo breide hat, mar mei er foar even échte sjoernalistyk bedriuwe. En dat docht er fenomenaal, ik kin net oars sizze.
ÓNNO, HOE IS IT DÊR?!
Dat de Omrop op dit idee kommen is, stiet net op himsels. De Frysk Nasjonale Partij is ús warbere reporters ommers al foargien. Want ús eigen partij stjoert tsjintwurdich ‘waarnimmers’ ta de wrâld yn sa gau as in minderheid yn opstân komt. En dan binne wy fansels solidêr, wat bliksem. Dus kilt om ’e kul en op nei Skotlân wannear't dy de frijheid sykje, út namme fan Grutte Pierre ropt de FNP it harren ta: Joe Aar Not Aloon. Dat boadskip is ek yn Spanje útdroegen, want dêr ha de Frysk Nasjonalen ek al west om fan de kontribúsje fakânsje te fieren, eh, ik bedoel, wáár te nimmen. En wêr’t de FNP giet, dêr giet de Omrop, sa is dat.
ÓNNO, HOE IS IT DÊR?!
En Onno makket der wat fan! Altyd wer slagget it him in moaie toeristise lokaasje te finen, fansels lekker yn it sintsje. En dat net allinnich, want wat is sjoernalistyk sûnder slachtoffer? Of better sein, wat is Fryske sjoernalistyk om utens sûnder in Fries om utens? Friezen binne sawisa al slachtoffer, dat sit ús yn ’e genen. En dan ek noch om utens, dat is dûbelop. Dêrby hâldt Onno syn Spaans net oer om mar te swijen fan it Katalaans. Hoe geniaal, al dy miggen yn ien klap, al is it wol spitich dat de bewuste Fries, in sekere Wytze, gjin Frysk praat. Boppedat is de man as in echte Fries ûnderwilens hastich op it fleantúch stapt om opfongen te wurden troch de Provinsje, wierskynlik yn it Lân fan Taal, simpelwei omdat ‘het me hier te gevaarlijk wordt’.
ÓNNO, HOE IS IT DÊR?
Tsjin ien ding sjoch ik wol wat op. Straks is de krisis dêr foarby, dus dat wurdt in swart gat fan komsa dêr’t ik yn donderje. Gelokkich is der in oplossing. Want wa hawwe noch mear in referindum holden? Presys, de Koerden! Ik soe sizze, FNP, derhinne. En dan Onno net ferjitte. Ik sjoch it al hielendal foar my, Onno tusken de Peshmerga yn de rikjende oaljefjilden. Mei foar syn feiligens de briedpanne fan beppe Sjoek op ’e kop. En dan wer dy benaude en fertroude fraach út ’e studio dêr’t ik sa sljocht op bin:
ÓNNO, HOE IS IT DÊR?