Ien fan de Facebookers op myn list mei himsels wolris omskriuwe as ‘jo tsjinstfeint’. Abberaasjes op it mêd fan Fryslân en it Frysk binne foar it gefoel gauris it gefolch fan in al of net bewuste ropping, dat mei dúdlik wêze. Mar wêr’t in feint is, moat ek in ferlosser wêze, betocht ik my. Of in Hillige Faam, ek noait wei. Allinnich, wa binne dat yn ’e goedichheid? Altyd handich om te witten by problemen, net wier? Foar de kwalifikaasje fan ferlosser komt mar ien skriuwer yn ’e beneaming. Mei syn Messiaanse uterlik (as der nochris in Fryske útfiering fan DuPesjun komt, is hý de man) en syn achtergrûn as deagraver is dat fansels Ferdinand de Jong. Ferline jier hat er manmoedich de skouders ûnder in nije Sutelaksje set om de ferkeap fan Fryske boeken wer op te krikken.
De fraach is no oft Ferdinand mý ek ferlosse kin. Ik ha nammentlik in trauma fan komsa oan it suteljen oerholden. Dat komt fan de earste kear dat ik mei wie. Yn Stiens waard ik keppele oan in pleatslike boekefanaat. Al doe’t er him foarstelde troch my de hân dwerstroch te knipen, wist ik dat dit net goed komme soe. Mar wêr siet it gefaar? Sûnder euvelmoed (sis mar grien as gers) belle ik oan by it earste adres. De doar wie noch mar amper iepen of dêr krige ik in dúst yn de rêch. De fanaat, it hier wakker wyld om ’e kop, raasde: ‘DIT IS KOOS TIEMERSMA, EN HJIR IS IT BOEK DAT ER SKREAUN HAT!’ Alhiel ferstuivere pakte it wyfke myn debút oan. ‘Ha jo net...’ besocht se noch, mar se hie neat yn te bringen. Ik skamme my ûnderwilens dea, mar it waard nóch slimmer. Rücksichtslos waard de psychologise druk opfierd (ferbanning út de doarpsmienskip wie it noch wol it minste), dat se kocht myn boek. Mei noch wat berneboekjes. Plus in kalinder, want ‘DÊR HAT DIZZE SKRIUWER EK OAN BYDROEGEN.’
Alhiel ferstuivere waard ik fan de iene nei de folgjende doar opdreaun, ryp foar de slacht. Wat te dwaan? Wanhopich seach ik alwer in frommes oan. Se glimke, stapte út ’e hûs wei, negearde de Djipfries en frege my de kroade wat nei achteren te riden. Ynienen wist ik de oplossing, tankber glimke ik werom. Want wat deale, dy kroade soe ik net wer út hannen jaan. Sa hoegde ik ommers net mear oan te beljen en dat skeelde letterlik in stik. Myn persoanlike ferkeap sakke wakker yn, mar dat hie ’k der graach foar oer.
Ferline jier, by de proef yn Bitgum, waard ik keppele oan Jan Schotanus. Dat like my wol in feilige maat. Miende ik. Boppedat leine der gjin boeken fan my yn de kroade. Miende ik ek. It waard in streekrjocht déjà vu. Doar iepen, âld wyfke. En in healwizeling dy’t rôp dat DIZZE MAN de skriuwer wie fan DIT BOEK. Sa waard ‘Under wetter’ (ik hie it folslein oer de kop sjoen) noch ferkocht ek.
Gelokkich leit der sûnt myn útjouwer de foarried ferramsjte neat mear fan my yn de kroade. Mei wat sweevjende e-boeken op myn konto kin ik mei in gerêst gefoel op stap. Alhiel belangeleas sil ik as de tiid it talit de boeken fan myn noch op papier publisearjende kollega’s oan de man of frou bringe. Wat dat oanbelanget sil ik as in wiere tsjinstfeint (want dat binne wy allegear) achter Ferdinand oan. En de Hillige Faam? Wa’t dát yn dit ferhaal is, lit ik graach oan jim ferbylding oer.