Oare tiden

6 april 2018

Ut ûndersyk die bliken dat it lêzen by de jongerein ûnder druk stiet. Of eins net it lêzen sels, want de jeugd sit konstant op de foan te koekeloeren. Nee, it gie yn de berjochtjouwing om it lêzen fan boeken, op papier of digitaal. No kin ik my dêr drok om meitsje, mar dêr sil net folle troch feroarje. Dus dat doch ik dan ek mar net.

Wat ik wól dwaan kin is wat omtinken jaan oan wat der sa al yn it Frysk ferskynt. Wat wjudzje yn eigen tún, sis mar. Sa kaam der okkerdeis in boekje op myn paad dat ik jim net ûnthâlde wol, in skriuwsel dat wat ûnder de radar bleaun is. Want ek binnen de Fryske literatuer, op himsels al in marzjeferskynsel, binne gradaasjes te ûnderskieden. Je hawwe in espeltsje foaroprinners, in middengroep en in klupke dat wat achteroan sokkeballet.

Dizze kollum giet dus oer in boekje út de lêste kategoary. Hoe’t ik derby kom om Oare tiden, want dêr giet it hjir om, op dy manier yn te dielen? Wel, ik ha it gewoan opfrege by de Afûk-winkel en dêr wie it net te krijen. En nim fan my mar oan, as it dêr net te besetten is, falst as skriuwer yn it skaad fan alle skaden. Tiid om it dêr út te heljen.

Oare tiden dus, mei as subtitel Kriminele observaasjes fan in Fries om útens. Dat moat dan Marten Gerben Wieringa wêze, dy’t ûnderwilens in koarte biografy op Sirkwy hat. Yn it boek sels is syn alter ego oan it wurd, de wrâldferneamde Jacinthe Mollinga dy’t delset wurdt as ‘oanstoarmjend talint’ op de redaksje fan It Oerstjerker Sjoernaal, it pleatslike nijsblêd. Se wurdt derop útstjoerd nei Hampie Bokma, in plakgenoat dy’t in ‘appartemint’ oan it Blokhúsplein bewennet. Jacinthe fernuveret har wakker oer it kreaze ynterieur en de kwaliteit fan it personiel. Dizze Hampie hat in âld wyfke berôve, al ûntkent er yn alle toanaarden. De ynhâld fan it petear lekt op de ien of oare tsjustere manier út, reden om de Fryske ynljochtingstsjinst FAKU te fertinken fan in opsetsje, of ien fan de susterorganisaasjes, lykas de FUAK of de KAFU. Nei publikaasje fan it artikel oer Hampie kriget Jacinthe hiel wat krityk te ferduorjen en dan benammen fan Hampie syn mem, Pytsje Pitstra, dy’t ek in rol by de ûntsnapping fan har soan spilet.

Kriminaliteit, beskreaun mei fine humor, dan hawwe je it al gau oer it wurk fan R.R. van der Leest. Yn dy hoeke kinne je dit beskieden boekje ek pleatse. Net dat je neist de stoel lizze fan it laitsjen, je lêze Oare tiden mei in glimk, lit my it dêr mar op hâlde. Linich fan taal, licht fan toan, sa is dit boekje te omskriuwen. Achteryn binne ek noch fjouwer losse ferhalen fan Jacinthe opnommen. Dat hie fan my net hoegd, se ferbrekke de ienheid fan dit net al te tsjokke boekje fan 70 siden. Dy romte hie om my better brûkt wurde kind om it ferhaal wat fierder út te wurkjen, fierder smakke it my bêst genôch. In oanrieder om yn in ferlern oerke even ta je te nimmen.