Eins wie ’k net fan doel om mei te dwaan oan in ferhalewedstriid fan Tresoar oer 75 jier frijheid. Reden: ik fûn it wedstriid-elemint net passen by it ûnderwerp, boppedat hie ’k gjin idee wêr’t sa’n ferhaal oer gean moast. It aparte is dat myn ferstân yn sa’n gefal it meidwaan prima op in sacht sin sette kin, mar dat myn tinken deroer net ophâldt.
Uteinlik wie it ús mem dy’t de trekker oerhelle. Se is 92, hat de oarloch meimakke en dat net allinnich, se wie der ek by doe’t de Kanadezen ta Ljouwert yn lutsen. Op it fytske út Hilaard wei, dat wurk. Hiel bysûnder en foar my reden om geregeld te freegjen nei it hoe en wat. Sa komt it dat ik behoarlik wat wit oer wat him ôfspile op de pleats fan ús pake yn Hilaard, in pleats dy’t ik foar myn debút De ljedder ek brûkt ha, troch dy oer te setten nei in tinkbyldich Frjentsjer. Skriuwe is lige, mar wol ferantwurde, sis ik altyd mar.
Op in snein yn jannewaris hiene wy it oer dy yntocht. It wie om noait te ferjitten, sa fertelde ús mem. Oarsom stelden de befrijers it oars ek wakker op priis, en dan benammen dy jonge froulju by de wei lâns. ‘Se fregen ús oft wy ek mei woene nei de Harmony, mar dat diene wy fansels net,’ glimke mem, wat my op de gedachte brocht dat, wannear’t se ja sein hie, ik samar ’46 as bertejier skriuwe kind hie, mei in optreden yn Spoorloos op ’e keap ta.
Mar sa gie it net. Wol makke mem noch in oare opmerking, in bytsje by de noas wei: ‘O ja, en fansels rieden de moffefamkes ek mei.’ Dêrmei stie ik fuortdaalks op skerp en seach ik foar my hoe’t dat der útsjoen hawwe moat: in optocht mei frijheid foar de ien, en ûnfrijheid foar de oar, lykas sa faak mei froulju as slachtoffer. Wat kin dat dochs wreed wêze, al bin ik fansels net yn ’e posysje om de wraak dêr’t minsken ferlet fan hiene, te feroardieljen. It byld liet my net los, sterker noch, samar foelen alderhande eleminten foar in ferhaal teplak. Sa ûntstie ‘Oare kant grins’, in ferhaal mei dêryn sawat alles dat ús mem my oer dy tiid ferteld hat.
Doe’t ik hearde dat it opnommen wurde soe yn De Letterhoeke, in blêd dat yn Tresoarfermiddens lêzen wurdt, betocht ik dat it moai wêze soe as ús mem derby wie. Se is sljocht op útstapkes, en sa soe ik har it ferhaal yn in moaie ambiânse foarlêze kinne. Ik seach it al hielendal foar my, in lyts publykje en dan sy op de foarste rige. Oant in lullich firuske út Sina oerwaaide.
Dêrmei is de wyn draaid. Yn stee fan in feestje om je op te fergapjen, meitsje ik my no soargen oer har sûnens. Se sit yn in flat, hat lichte fersoarging nedich, wat betsjut dat wy it oer de telefoan ynienen oer hiel oare dingen hawwe as in ferhaal fan har âldste. Mar goed, gelokkich is de post der noch en wat is der moaier as in kaartsje of in brief? Presys, in ferhaal!