Dat it yn Nederlân stoarmje kin, sil gjinien ûntgien wêze. Sa’t it ek gjinien ûnbekend foarkomme sil dat dy stoarmen faak húshâlde yn itselde glês wetter.
Sa gie it diskear ek doe’t LAKS (Landelijk Aktie Komitee Scholieren)) mei in foarstel kaam om ris nei te tinken oer wurden yn it ûnderwiis dy’t oaren it gefoel jaan kinne der net by te hearren. It measte omtinken luts de suggestje om skoalbern net langer wolkom te hjitten mei ‘Goedemorgen, jongens en meisjes’, mar bygelyks mei ‘Goedemorgen allemaal’. Spitich, want der wiene ek oare suggestjes, lykas ideeën om ôf te stappen fan ‘ekselinte’ skoallen, ‘swarte en wite’ skoallen, ensafh. Mar lykas sein, de stream fan meast negative reaksjes op sosjale media rjochte him foaral op it loslitten fan de tradisjonele yndieling yn jonges en famkes en ek romte te bieden oan lagen dertusken.
Dêrby binne it benammen de âldere generaasjes dy’t kommentaar hawwe, lju foar wa’t it oan ’e oarder stelde ûnderwerp folle minder ta de deistige praktyk heart as foar harren bern en bernsbern. Krekt dêr spilet de diskusje oer genderfluïditeit in folle gruttere rol, it ûntdekken fan je eigen seksualiteit en alles wat der op dy leeftiid op in minske ôfkomme kin. It is dan ek allinnich mar posityf as krekt út dy jongere hoeke wei suggestjes komme om guon earder sa fanselssprekkende dingen yn ’e kiif te stellen en te ferfangen troch wurden (dy dogge derta!) dy’t better by dizze tiid passe.
No wol ik neat ôfdwaan oan wat âlderen fine fan wat der spilet by de jongerein. Dy witte ommers ek wol (of se moatte ûnder in stien libbe hawwe) dat it minskdom net allinnich mar út manlju en froulju bestiet. It ferskil mei doe is dat dêr no iepenlik oer praat wurdt, wat neffens my in hiele ferbettering is. Ik haw it as skoalmaster wol meimakke dat âlden my flústerjend tabetrouden dat harren soan net echt in jonkje wie: ‘Mar wy hawwe leaver net dat dêr oer praat wurdt, begripe jo wol?’
Wêrom der dan fuort sa negatyf yn batse? It liket wol as hat Nederlân in abonnemint op negativiteit, mei earst in soad grutte wurden, om dan letter ta ynkear te kommen. Sa krige de NS seis jier ferlyn (!) ek in soad kommentaar doe’t besletten waard dat ‘dames en heren’ te ferfangen troch it algemienere ‘reizigers’. En no? Je hearre der gjin kop mear oer. Allyksa mei Swarte Pyt, mei wilens in mearderheid dy’t snapt dat it net langer bliuwe kin sa’t it wie.
Is dy negativiteit dan alhiel ûnskuldich? Of leit it dochs wat oars? Ik tink it lêste. Want slút al dy stimmingmakkerij net opfallend naadleas oan by taktiken dy’t tapast wurde troch figueren út de ekstreem-rjochtse hoeke? Dêr hat men hiel goed troch dat grutte groepen maklik op sokke ûnderwerpen oanslaan, mei as gefolch dat de geasten hieltyd riper makke wurde foar wat sý wolle. En dat is net al te fris. Boeken dy’t fertocht makke en ferbean wurde op skoallen, of homohaat, lykas okkerdeis yn Eindhoven, om mar te swijen fan de deadsbedrigingen dy’t de jongerein fan LAKS no op it dak kriget.
Dêrom soe it goed wêze om je wat mear bewust te wêzen fan wat jins primêre reaksjes op sosjale media teweibringe kinne. O nee, mar dat wie ús bedoeling alhiel net, sil der dan skynhillich tsjin ynbrocht wurde. Mar feit is dat wy moarn, ferbline troch ús honger nei sensaasje en byfal fan oaren, samar wekker wurde kinne yn in lân dat in ferrekt soad liket op it Amearika fan konservatyf rjochts. En dat soe pas écht laks wêze.