Seremonieel

10 juli 2020

Troch de fraach oan Paul Theroux,  skriuwer fan ûnder oare in searje reisboeken, hoe’t er de rol fan in redakteur seach, liet ik ris yn my omgean wat ik dan antwurdzje soe. Ik ha op ’t lêst genôch boeken publiseard om it ien en oar meimakke te hawwen, lykas oare skriuwers dat ek hawwe. En dêr hear ik dat de ferskillen behoarlik grut binne. Wêr’t de ien der absolút neat fan hawwe moat wannear’t in oar überhaupt wat feroare hawwe wol, is de oar krekt hiel ûntfanklik foar kommentaar fan bûtenôf.

Fansels kin ik allinnich mar út eigen ûnderfining prate. Myn earste boeken ha ’k útbrocht by de Friese Pers Boekerij, doedestiids in grutte útjouwer en no fallyt, mei Jelma Knol as redakteur. It duorre even foardat ik it trochhie, mar dêr waard wurke mei in groepke meilêzers, dy’t in oardiel joegen op anonime basis. De opmerkingen út dy hoeke wei waarden dan troch Jelma, oanfolle mei eigen kommentaar, op it buordsje fan my as skriuwer lein. Op himsels wurke dat prima, al fûn ik benammen dat anonime aspekt wat ferfelend. Je kinne ommers net oerlizze mei sa’nien, elke foarm fan kommunikaasje is tichtmitsele.

Dat ik der dochs mei út ’e fuotten koe, hat te krijen mei myn ynstek. Ik bin nammentlik net in skriuwer út ’e kategoary dy’t gjin ynbring fan bûtenôf tastiet. Yn myn eagen binne sokken of skriuwers fan wrâldnivo, of figueren mei in fertekene selsbyld, wêrby’t ik ynskat dat de twadde groep oanmerklik grutter is as de earste. Nee, sûnder meilêzers kin ik net, foar my is elke opmerking essinsjeel, wat net ynhâldt dat ik oeral mar yn meigean.

Myn earste meilêzer is net alhiel tafallich de frou dy’t derfoar keas om har libben mei my te dielen. Ik tink dat it foar elke skriuwer altyd wer in spannind momint is om nei in pear jier op in tekst omwrotten te hawwen it manuskript (ik meitsje der foar Tineke altyd in e-boek fan) út hannen te jaan en dan, al of net fuortdûkt ûnder it buro, it earste kommentaar foar de kiezzen te krijen. Nei dy earste opmerkingen gean ik dêrmei oan ’e slach. As dat klear is begjin ik mei de oersetting yn de taal fan ’e fijân, de meast probate manier om in tekst op wurdnivo troch te wrakseljen. Dêrby sneuvelet hiel wat, alles wat oerstallich is giet derút.

De tekst is dan al behoarlik opskjinne, wêrnei’t de tredde stap folget, it ynleverjen by in profesjonele redakteur dy’t ik út eigen bûse betelje. Yn dy faze gean ik nóchris mei de billen bleat, en wurkje ik de tekst yn beide talen ôf. Dêrnei folget dan de stap nei publikaasje. As dat as e-boek is, bliuwt de tekst sa't er is, wurdt it in publikaasje by in útjouwer, dan hat dy ek noch ynbring, ynklusyf dy fan in korrektor. Dat sa wurkje ik op ’t heden, en dat foldocht my prima. En Paul Theroux, wat sei dy op de fraach hoe’t er de rol fan in redakteur seach? Foar syn antwurd ferwiis ik nei de titel fan dit stikje!