By de bestoarming fan de kaapte trein ûnder De Punt waarden se brûkt om de kapers skrikke te litten, Prins Bernhard skynt der noch in moaie bûssint oan oerholden te hawwen, goed foar in krisis fan komsa yn de Nederlânse polityk. Mar goed dat Ome Joop (den Uyl) de kop derby hold, oars hie Rutte no presidint fan in republyk west en hie it ‘Koningslied’ (‘De dag die je wist dat zou komen’) noait makke west. It ding yn kwestje koe hurder as 2000 km yn in oere fleane, it wie de oankeap fan de ieu en sa kin ik noch wol even trochgean.
Ik ha ’t fansels oer de Lockheed F-104, oftewol de Starfighter, de fleanmasine dêr’t elk bern yn de sechstiger jierren fan de foarige ieu hielendal wei fan wie. By it oprêden fûn ik noch in pear plaatsjes, want dy koene je sparje en earlik is earlik, dy plaatsjes wiene in kostber besit. Se sieten fergees by in pakje sigaretten, it merk heucht my net mear. Op skoalle wie it ruilje dat it sta sei, want de lêste eksimplaren om de searje kompleet te krijen wiene seldsum, in trúk fan de fabrikant om ús as bern trochseure te litten, mar dat wisten wy doe noch net.
It die der ek net ta oft de strieljager, yn dit gefal de Starfighter, allinnich troch de bêste piloaten yn ’e loft holden wurde koene, se hoegden net iens delsketten te wurden om dochs út ’e loft te miterjen. Ungelokken barden sa faak, eins wie it suver gewoan, fral yn Dútslân dêr’t mear as 200 fan de 1000 delstoarten. De oarloch wie yn dy jierren noch lang net fergetten, dat wy fûnen it wol moai dat 'dy Moffen' net fleane koene. ‘Us piloaten binne dúdlik better op harren taak berekkene,’ wist ús heit smeulsk te melden.
De Starfighter hie njonken dy prachtige namme dan ek in soad bynammen: ‘Sargfighter’, ‘Flying Coffin’, ‘Witwenmacher’ en ‘Erdnagel’, om mar in pear te neamen.
Mar wy seagen fral in geweldich ding dat by it oerfleanen in werklik heidens kabaal makke. Troch de lûdsbarriêre boppe lân wie yn dy jierren ek gjin probleem, de knallen hingje my noch yn ’e earen, mei tagelyk it ratteljen fan de ruten en it foeterjen fan ús mem. Miskien wie dat kabaal wol it meast driigjende skaaimerk fan de Starfighter, wat ek begrepen waard doe’t de kapers op De Punt even flink skrikke moasten foardat de passazjiers befrijd wurde koene.