Sjieuwe Borger syn wurk spilet him ôf tsjin in eigentiidse achtergrûn. Mei Eksamenjier is dat net oars. Yn dit gefal giet it lykwols om in roman foar jongfolwoeksenen en dát is al in ferskil mei syn eardere wurk.
Yn Eksamenjier wurde haadpersoan Dario mei syn freonen en freondinnen folge yn harren lêste jier op it gymnasium. Tusken de eksamens troch binne it benammen de hormoanen dy’t foar master opslaan. Yn syn gefal draait it om de ferhâlding mei Joyce. It is in relaasje dy’t ûnder druk stiet. En dat hat net allinnich mei har te krijen, mar ek mei de populêre Miklas dy’t in eachje op har liket te hawwen. Om it allegear noch wat komplekser te meitsjen, rint it thús ek net al te fijn. Syn heit hat in relaasje mei syn sekretaresse, sa’t bliken docht as er syn mem dronken as in kroade oantreft. Yn de lêste haadstikken slacht de krisis ta as it mis giet mei ien fan de haadpersoanen.
Sjieuwe Borger bewiist mei dit boek dat er him goed ynlibje kin yn de tinkwrâld fan jongfolwoeksenen. Oan ’e hân fan knap skreaune dialogen beskriuwt er it hâlden en dragen fan in ploech jonges en famkes op in leeftiid dy’t ornaris hiel wat losmakket. Fierder neamt er de dingen by de namme, ek op seksueel mêd. Borger lit goed sjen hoe’t Dario him ûntjout, soms in stap achterút sette moat om dan wer twa foarút te kinnen. Ek leart Dario dat relativearje bytiden better is as yngrave. Dêrby wit Sjieuwe Borger de toan licht te hâlden troch it ferskaat oan perikels mei de nedige humor del te setten. Sa lit er Dario, as dy Joyce ophellet en har mem him op it hert drukt gjin alkohol te brûken melde dat er fan doel is en traktearje op ‘kofje mei appeltaart’. Noch in foarbyld: As Joyce him ôfsûge hat seit se dat it smakke nei ‘reade byt en skânzenear’.
By de ûnderbouwing fan it hâlden en dragen fan de personaazjes giet Borger wolris wat koart troch de bocht. Sa komt de relaasje tusken Joyce en Dario komt mei ûnder druk te stean omdat Dario yn syn fakânsje gjin kontakt mei har opnommen hat, in deasûnde. As reden fiert Dario oan dat syn mobyltsje yn beslach nommen wie troch syn heit. No is it mobyltsje hjoed-de-dei hillich, dat ik kin my net yntinke dat in jonge as Dario dat oer syn kant gean lit. Soks soe allinnich akseptabel wêze as it om in autoritêre heit gean soe. Mar letter yn it boek wurdt dúdlik dat de man in slopjanus fan it boppeste buordsje is. In oar foarbyld. As yn de lêste haadstikken in dramatys gat slein wurdt yn de freonegroep, wurdt dêr wat te hastich oerhinne gien. Ik tink dat de ympakt fan sa’n ramp op dy leeftiid grutter is as dat no úttekene wurdt.
Neist it op tempo fertelde en meinimmende ferhaal falt foaral it taalgebrûk op. Noch net sa lang ferlyn lies ik Ate Grypstra syn ‘Femke faalt’. Wêr’t Grypstra besiket oan te sluten by syn doelgroep mei sprektaal-Frysk, dêr is Sjieuwe Borger syn taalgebrûk sa geef as kryt. Dat betsjut dat in sigaret net ‘útdrukt’ wurdt, mar ‘dwêste’, ‘nochris wurdt ‘jitris’, en der wurdt gjin ‘stokje foar stutsen’, mar ‘in skoattelke’. En dan ek noch ‘strutsen’, dit foar de folsleinens. Ik fyn dy kar nijsgjirrich. Want it ropt fansels de fraach op wat no it bêste is. Foar beide is wat te sizzen. Ate Grypstra giet út fan in (bredere?) doelgroep dy’t net gau in Frysktalich boek pakke sil en komt syn potinsjele lêzers dêrom yn ’e mjitte. En dan ek noch yn e-boekfoarm. Sjieuwe Borger liket dêr oars yn te stean, sa fan: dit is foar it (hegere?) segmint fan de doelgroep (ek sjoen de wiidweidige stikken oer de lesstof), dus gjin konsesjes, dit is in Frysk boek en sikest mar op watst net witst.
Foar beide boeken jildt lykwols dat se in fijne oanfolling binne op it te lytse oanbod yn dy hoeke, in oanbod dat net kin sûnder de ynset en help fan leararen Frysk, want dy binne yn myn eagen ûnmisber as kroade foar dit wurk.
Nijsgjirrich wurden? Eksamenjier is hjir te besetten.