Ut en troch lês ik in Ingels boek. Dat doch ik om myn taalgebrûk op te skerpjen, of omdat it boek net oerset is en ik it dochs lêze wol. Dêrby bin ik my der bewust fan dat ik net alles meikrij omdat ik it Ingels net hiel goed behearskje. Geregeldwei moat ik dan ek wat opsykje, mar dat haw ik derfoar oer en dreech is it net op in e-reader. Stel no dat de BBC my freegje soe om in sit te nimmen yn ien fan harren boekeprogramma’s en dêr de lêzen boeken te besprekken, soe ik dat dan dwaan kinne? Soe de BBC my dêr überhaupt foar freegje?
Okkerdeis (11 oktober) hearde ik yn Buro de Vries, in radioprogramma fan Omrop Fryslân, hoe’t in lêsklup in nustje boeken bespriek. Dy klup bestiet út ‘gewoane’ lêzers, al kinne je in útsûndering meitsje foar bygelyks Bert-René Luimstra fan útjouwerij Regaad. It is in moai inisjatyf: elke foarm fan (ynhâldlike) publisiteit foar Fryske boeken by de Omrop is meinommen.
It earste Fryske boek dat besprutsen waard wie Pier, de profesij fan bline Simen fan Willem Schoorstra. Of moat ik sizze, it earste boek dat de pineut wie? Want it waard al rillegau dúdlik dat fan in djipdollend boekbesprek net folle op ’e hispel komme soe. It die nammentlik bliken dat in pear fan de klupleden net by steat wiene de skriuwer syn taalgebrûk goed te folgjen. Dat wie geef Frysk, waard fernuvere opmurken. Mei oanslutend de fraach oft Fryske skriuwers der net goed oan dwaan soene oer te skeakeljen op sprektaal-Frysk.
It kin my misse, mar op dat stuit miende ik it lûd fan in daverjende klap earne op in skriuwerstafel yn it noarden fan Fryslân te hearren. Sels al soe Willem Schoorstra oerskeakelje wolle op wat ik dan mar skraaltaal neam, Pier soe fuortdaalks tusken de omkaften wei oprize om him mei ien haal te straffen foar de gedachte allinnich al.
It mei dúdlik wêze dat ik net bliid waard fan it besprek, dat him ynstee fan ta it boek foar it meastepart beheinde ta in petear oer literêr Frysk en hoe dreech oft it is om dat nei te kommen. Ik freegje my ôf oft dat de taak fan in lêspanel is. As ynteressearre lêzer ferwachtsje ik gewoan in yngeand besprek fan in boek, hielendal as it giet om it nijste wurk fan ien fan de wichtichste Fryske skriuwers fan dit stuit. En dan graach troch minsken dy’t yn alle gefallen yn de taal bebiten binne, want hoe sille je oars sa’n boek op earlike grûnen beoardielje kinne?
Dêrmei ha ’k de fraach út de earste alinea ek fuort beändere. Nee, ik soe net yn sa’n panel sitten gean as ik fan mysels wist dat ik de te besprekken boeken kwa taalgebrûk nei goed neikomme kin. Dêrmei soe ik ommers sawol de skriuwer as de lêzer gjin tsjinst bewize. Dat by de redaksje fan Buro de Vries dy gedachte yn ’t foar net opkommen is doe’t dy lêsklup gearstald waard, jout dan ek te tinken.
(It fragmint is hjir te hearren op minút 37.30)