Wêr’t in punt A is, moat ek in punt B wêze. Oant safier gjin probleem. Dat wurdt oars as punt A in modem is en punt B de fêste kompjûter. Dy’t de hiele simmer yn in ferhúsdoaze sitten hat en noch net ferbûn is.
Om’t A en B in tweintich meter útinoar lizze wie it neffens eksperts de baas en meitsje gebrûk fan in homeplug. Sa koe it sinjaal sûnder fertraging myn wurkstasjon berikke, wie de hjitting. No, ferjit it mar. Sterker noch, ik koe it sinjaal sawat berinne, sa traach gie dat. No ja, joegen deselde eksperts fuort ta, in tried wie altyd de beste oplossing.
In nij hûs, strak yn de ferve en dan in tried by alle plinten del, dat past net. Dat ik moast ûnder de flier troch. Yn de gongskast sit in lûk(je). Dat fol goede moed liet ik my sakje, wapene mei dy ferhipte kabel en in prima lampe. Plus in bûslampe, want ik moast der net oan tinke dat ik sûnder ljocht kaam te sitten.
Under de flier seach de yndieling fan it hûs der wakker oars ut. Wêr’t ik muorren ferwachte, dêr wiene se net. En oarsom. Rjochts in gat en foar my ek ien. Dat moast ik hawwe. Fyftich by fyftich, dat wie goed te dwaan. As der gjin rioelbuis foar sitten hie. Earst de holle der oer, dan de skouders. Kont omheech en fêst. Dus de heupen kantelje op de diagonaal en dêr skeat ik al foarút. Noch even de kabel opfiskje, want dy wie ’k fergetten en op nei de noardkant, want dêr moast erges in gatsje yn de flier sitte fan in eardere sintrale ferwaarming. Tineke raasde boppe my oft ik der al wie, mar ik hie gjin idee, har lûd wie min te lokalisearjen. Stek mar in stokje troch it gat, rôp ik, miskien sjoch ik it dan. En dêr wie it al, mar op in hiel oar plak. Ik lei blykber ûnder de hal. Mei in stik teep plakte ik de kabel oan it stokje, Tineke luts it op: punt A wie betwongen.
Benijd oft ik fan dy kant ek troch it gat komme koe (it wie my al in pear kear troch it sin gien dat as ik no wat krige, de helpferliening grif Omrop Fryslân helje soe), kroep ik werom. Mar it gie prima, hielendal yn fergeliking mei it folgjende gat. Want dêr, ûnder keuken en badkeamer wachte in krystbeam oan buiskes en buizen. Plus dy ferhipte haadbuis dy’t ik al earder bemastere hie. Wer earst de holle, dêrnei in bocht fan 45 graden, in bytsje foarút, de mul yn ’e slinger, de skonken der kreakjend achteroan: de útgongswearde fan dizze oefening siet abslút op Epke-nivo.
In grutte romte lei no foar my. Tigerjend op nei it suden, nei punt B. Mar wat wie dat foar guod dêr’t ik trochhinne baaide? Isolaasje? No nee, it wie in massagrêf fan in pear miljoen deade stienkrobben. Droech as rys, dat ik meande se mar even fuort. Roppend besocht ik kontakt mei de boppewrâld te lizzen, mar dat slagge ditkear net. Kaam fansels fan de nagelnije flierbedekking, koe net misse. Mei de longen út it liif kroep ik nei punt B, dat ik ditkear wol fine koe troch Tineke har swaaiende toverstokje. Dêr koene wy elkoar ek wer ferstean, moai meinommen, want ditkear woene kabel en stokje net troch it gat, dat ik treau it sa mar omheech.
Sa’t der tsjintwurdich materiaal is dat de oarspronklike foarm ûnthâlde kin, sa kin de minske dat hjoeddeis ek, fernaam ik al gau, want ik wie ditkear samar by de krystbeam lâns. Sels doe’t ik wer boppe de grûn wie, wist myn liif dy foarm glânsryk fêst te hâlden. Dat mochten jim in e-boekskriuwer mei de kop skean op de romp troch Drachten fytsen sjen, dan witte jim hoe en wat.
Fleurich wykein!