Ut en troch in jeugdboek lêze, ik kin it elk oanriede, foar de lêswille of om myn part om op 'e hichte te bliuwen fan wat der yn boekelân allegear spilet. Thys Wadman wurdt in fêste wearde as it om Fryske berneboeken giet. Nei ‘De oerwinnings fan Tido Houtsma’, wêr’t er de Simke Kloostermanpriis 2013 foar takend krige, leit no sûnt 2014 ‘In nije heit’ yn ’e winkel.
Gerke hat syn nocht. Fan syn heit, dy’t neat om fuotbaljen jout, lit stean dat er each foar auto’s hat. En dat binne no krekt de dingen dêr’t Gerke foar libbet. Alle wiken nei it fuotbalfjild, wedstriden spylje en autoplaatsjes garje om yn syn plakboek te dwaan. En dêr hat syn heit gjin grimeltsje oandacht foar. Ynstee dêrfan sit er mar wat oan ’e feart te fiskjen, want dat is heit syn grutste hobby. Net al te spannend, dy heit fan Gerke.
As it sawat oan Gerke syn jierdei ta is, nimt Gerke in beslút. As mem him freget watfoar kadootsje er hawwe wol, freget er om in nije heit. En dy krijt er! As it safier is en Gerke ûnder komt, sit Harm op de bank foar him klear. Dat liket wakker bêst. Want Harm is sljocht op fuotbaljen en boppedat hat er in spektakulêre auto, al stiet dy net foar de doar, mar erges yn in hok. Hiel geheimsinnich allegear, in echte oanwinst, dizze nije heit.
Mar geandewei wurdt dúdlik dat dy nije heit dochs wat ôffalt. By einsluten fynt Gerke it mar in fize fint, in smoker ek noch en dy auto blykt in âlde Opel te wêzen…
Yn dit boek falle in pear dingen op. It earste is wol dat it ynwikseljen fan de iene heit foar in oare foar in soad bern in wier trauma is. Wat yn in soad jeugdboeken dan ek as sadanich beskreaun wurdt. Mar net by Thys Wadman. Yn dit boek krijt Gerke gewoan wat er freget. Mem docht der ek net al te yngewikkeld oer. Earst wol se har man op Marktplaats oan ’e frou bringe en as dat net wurket dumpt se him by de kontener. It komt in bytsje mearke-achtich oer, sa’t Wadman dit beskriuwt. Foardiel is dat dy nije heit fuortdaalks syn entree yn it ferhaal makket, sûnder fierdere omballings of útlis. Letter giet dat ek sa as Gerke op ’e siik giet nei syn âlde heit. Dêrfoar moat er nei Dokkum, want dêr wennet beppe en dêr soe syn echte heit wolris wêze kinne. As Gerke dêr komt, blykt er dy beppe hielendal net te kennen. Gjin útlis, nada, niks, it is gewoan sa. Dat jildt ek foar de ein. Gjin ‘oplossing’, nee, de ein is iepen litten, en dan ek noch hiel subtyl.
In modern, flot ferteld ferhaal, dat wol ‘In nije heit’ boppe alles wêze. De foarmjouwing ûnderstreket dat. De yllustraasjes fan Gerrit de Jong binne flitsend, Studio Graps hat in prachtich fersoarge boek ôflevere. Ien elemint falt dêrby wat út ’e toan. En dat is Gerke sels. Dat er gjin mobyltsje hat is noch dêr oan ta. Der binne (gelokkich!) in soad âlders dy’t har bern noch gjin mobyl jaan wolle salang’t se op de basisskoalle sitte. Mar dat plakboek mei autoplaatsjes dat wiidweidich omtinken krijt, nee, dat kin écht net mear. As je as skriuwer technykjonges en -famkes oansprekke wolle, lit Gerke dan autogames spylje, jou him in âlde brommer om mei oer it hiem te kacheljen of om myn part in crossmoterke. Want dat dogge sokke mantsjes, ik ha der sels troch de jierren hinne hiel wat fan sokke bern yn ’e groep hân.
Mar fierder alle lof foar dit boek dêr’t in soad bern, ek famkes en âlderen (!), in protte wille mei hawwe kinne!