Moedig voorwaarts!

ebook en boek
8 mei 2020

Sa’t jim sjogge is der wat feroare oan dizze webside. Neist de kleurkes is benammen de motor ûnder de skyl by de tiid brocht. De feroaringen wiene té grut foar Froon Akker, myn dierbere alter ego: hy is net mear. Tsien jier is it mantsje wurden, te jong tabetroud oan de ivige jachtfjilden, mar sa giet it soms. Jawis, hy is der sels út stapt, eigensinnich as er wie.

Oait, om 2010 hinne ha ’k him yn it libben roppen, mei om in skieding oan te bringen tusken myn papieren bestean en de flecht nei foaren: opgean yn de wrâld fan ienen en nullen. It hat my in soad brocht en in soad koste. Net allinnich ha ’k moai wat opstutsen oer de technyk achter it e-boek en kaam ik yn ’e kunde mei in soad lêzers, tagelyk waard ik wei yn de marzje fan de marzje dêr’t de Fryske literatuer him dochs al yn ophâldt.

Wat de ferkeapen oanbelanget wiene myn ferwachtingen heger as de werklike útkomst, al krige ik wol wakker kompliminten foar myn driuw om te fernijen. Ik ha wolris tocht, as al dy tomkes omheech omset wiene yn de oanskaf fan in e-boek... Mar sa wurket it net. Nei in opgeande line oant Einum ta (it kaam krekt net oant de 100 ta), sakken de ferkeapen mei myn ferhalebondel Ik bedoel mar! wer wat fuort, en dat wylst it boek troch de Ljouwerter Krante útroppen waard ta bêste Fryske boek fan 2016. No ja, it oansjen fan in ferhalebondel skynt net al te heech te wêzen, miskien hat dat in rol spile. Meikoarten sil ik, om myn tsienjierrige feestje as digitaal auteur te fieren, mar ris in aksje opstarte om dit boek hinne, letter mear hjiroer.

Want ik bliuw leauwen yn de foardielen fan it e-boek: goedkeap, folle better foar it miljeu, it nimt gjin plak yn en is yn dizze bjusterbaarlike tiid folslein firusfrij! Op dit stuit bestiet 8% fan de ferkeapen út digitale boeken, al is dat te leech omdat der gjin sicht is op de yllegale merk. En dy is behoarlik grut, sa’t iksels ek ûnderfûn ha. Om ien fan myn lêzers te sitearjen: ‘As lêsklup hoegden wy mar ien eksimplaar oan te skaffen en klear!’ Wat it Fryske boek oanbelanget binne der gjin sifers, wat gjin wûnder is omdat myn foarbyld amper ta gjin neifolging krigen hat: yn wêzen stie en stean ik der allinnich foar. Net dat ik ien wat ferwyt, it útjaan fan in Frysktalich boek an sich is sa stadichoan omslein yn sindingswurk.

Myn leafde foar it e-boek bliuwt dus ûnfermindere grut. Likegoed sille jim op dizze fernijde side gjin e-boeken mear keapje kinne. Omdat ik de lêste pear jier geandewei al in ferskowing nei Kobo / Bol.com seach, ha ’k myn digitale wurk dêr no ûnderbrocht, te finen fia de links ûnder de boeken op dizze side. Fierder bin ik fan doel om troch te gean op it paad dat mei In aap klimt út ’e beam en Einum al ynslein waard: njonken de digitale ferzje in útjefte op papier, mei, as Jan Schotanus (ek al sa’n pionier) der wat yn sjocht, in audioboek yn it pakket. En dan ek noch yn beide talen. Bewurklik, mar sa stiet it my dus foar eagen, yn kombinaasje mei út en troch wer ris in blog:

Moedig voorwaarts!