Marten Hari

22 december 2017

Okee, se wie in spetter en woe dat witte ek. Fan #MeToo hie gjin kop heard, it tilde yn dy tiid fan manljushannen op mûtele frouljusknibbels, om fan de rest mar te swijen. Margaretha fan ’e huoddesaak op ’e Foarstreek makke dat neat út, se wie sljocht op manlju yn unifoarm en dat unifoarm hoegden se wier net oan te hâlden. Se wie ek net te beroerd om sels wat út te dwaan, in frommes dat de bloeddruk fan frachten manlju ûntregele. En dan ek noch yn styl einigje troch mei in daverjende knal te himeljen, it kin net op.

Wát in topfrou wie dy Mata Hari dochs. Fine wy. Want sis no sels, in kante Friezinne mei safolle wichtige kontakten oant op de heechste nivo’s, sa’nien komme je net faak tsjin. Al wiene dy kontakten mear horizontaal as fertikaal, mar wat past der better by it Fryske lânskip? As se no libbe, hie ús eigen Halbe gjin skyn fan kâns hân om Minister fan Bûtenlânse Affêres wurden, Rutte hie har fuort oansteld.

Underwilens wurdt Margaretha fanwege har grutte fertsjinsten foar de wrâldfrede as in goadinne fereare. Want hoe kin it dat de Earste Wrâldoarloch in jier koarter duorre as de Twadde? Presys, troch Mata Hari. En wa jout de Haadstêd wat kleur op ’e bleke wankjes? Alwer Mata Hari! Rûnom wurde dêrom de alters oprjochte, de preesters en preesteressen fan it amusemint geane ús foar yn de nije devoasje. De Tetsjes fan dizze wrâld libje har út yn foarstellingen, lieten oer har wêzen hellen sels it Songfestival en wat te tinken fan it Fries Museum? Glâns en Gloarje, Spanning en Sensaasje, teminsten, foar wa’t it sjen wol.

Want doe’t ik dy tentoanstelling beseach frege ik my mar ien ding ôf: wat as Mata no ris in Marten west hie? Gewoan in jonge dy’t op ien of oare manier yn it reach fan de Earste Wrâldoarloch fongen wie, krekt as dy miljoenen oaren? Nee, Marten prakkesearde der net oer om yn syn bleate kont oaren te fermeitsjen. Dêrfoar hie er it talint net. En de kont trouwens allikemin, sa’t der ek wat tefolle hier út syn earen waakste, wat him syn bynamme ‘Hari’ opsmiet.

Nee, leau my mar, as Mata Marten west hie, tochten jim no: oer wa giet dizze column yn fredesnamme? Marten wie absolút net bejubele yn shows en oare foarstellingen, it Fries Museum hie de noas foar him ophelle, manmachtich hiene wy oan ’e skouders lutsen en ús fan him ôfkeard. Wat in gelok dat dy pear gromosomen de froulike kant útskaaiden, en dat Us Leave Hear ús gjin Marten, mar in Mata skonken hat.

Yn feite komt it neffens my hjirop del: it ferskil tusken Mata en Marten, oftewol ivige rom en it ferjit, is like flechtich as de kleur fan it strikje oan in bertekaart.